‘Ik bin benijd!’: it panel is bekend

23 okt 2015 - 15:02

It panel fan it nije televyzjeprogramma ‘Ik bin benijd!’ is bekend. Sân Friezen geane op ‘en paad nei museums en eveneminten om Fryske keunst en kultuer te ûntdekken. It is hieltyd wer in ferrassing wêr’t de panelleden hinne geane. En wannear’t it even kin, dogge sy ek aktyf mei oan in aktiviteit. Wat de panelleden fan dat alles fine? Sjoch it fan 16 novimber ôf yn Ik bin benijd! op Omrop Fryslân Televyzje.

By Ik bin benijd! geane in oantal fêste panelleden op ‘en paad troch Fryslân:
• Wopkje Bergmans (56) is hikke en tein yn Holwert. Sy hat mear as 35 jier mei in protte wille foar de klasse stien. Se hâldt fan de Fryske kultuer, kuierjen en muzyk.
• Hielkje van der Molen (42) komt út Ljouwert. Dêr hat sy in winkel: ‘Priuw’, in winkel mei Frysk itensguod. Troch it hurde wurkjen hie sy oant no ta gjin tiid foar kultuer, mar dêr komt no feroaring yn.
• Klaas Zwaan (57) út Starum hâldt fan kultuer, lêzen en is redaksjelid fan it ‘Stavers Krantsie’. Nei eigen sizzen is er oeral west, mar hy lit him noch graach ferrasse by Ik bin benijd!
• Jikke (65) en Roelof Yntema (66) komme fan De Jouwer. Beide sitte sy yn it bestjoer fan de ‘Boerebrulloft’ fan De Jouwer. Jikke is graach kreatyf dwaande en Roelof is de sportiveling fan it stel, hy hâldt fan reedriden, skeelerjen en fytsen. Mar sy hawwe gemien dat sy beide fan de Fryske kultuer hâlde.
• De bruorren Gerard (28) en Hans de Vries (36) binne de jongste dielnimmers fan Ik bin benijd!. Gerard út Winsum wurket as systeembehearder, Hans út Grins is wurksum yn in hotel-restaurant en is ek dwaande mei frijwilligerswurk. Beide hâlde sy fan teater en kabaret.

Ik bin benijd! is fan moandei 16 novimber ôf alle wurkdagen om 17.45 oere te sjen op Omrop Fryslân Televyzje.

Noat foar de redaksje:
Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei de ôfdieling Marketing & Kommunikaasje fan Omrop Fryslân: 058 299 7876.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)