Iepening LF2018 mei alle basisskoallen fan Fryslân

11 okt 2017 - 06:55

De kulturele- en ûnderwiisynstellingen fan Fryslân organisearje mei it Sjongfestival in mega kick-off foar de basisskoallen foar de iepening fan Ljouwert-Fryslân 2018. Yn 2018 kinne skoallen net allinne meidwaan oan it tradisjonele Sjongfestival, se kinne ek ûnderdiel útmeitsje fan de offisjele iepening fan LF2018. Alle Fryske skoallen kinne har no ynskriuwe foar beide ûnderdielen fia www.sjongfestival.frl.

Iepening LF2018
Op freed 26 jannewaris sjonge alle skoallen ‘Seis oere thús’, it liet fan LF2018. Skoallen meitsje hjir in eigen ferzje fan, filmje dit en diele dat om eksakt 12.00 oere mei #2018begjint fia Facebook. Sa binne de filmkes oeral op ‘e wrâld te finen en wurdt de iepening online daliks grut sichtber. Der is in spesjale toolkit gearstald dy’t de skoallen helpt by it learren fan it liet en foarmjaan fan it filmke. De basisskoallen foarmje mei dit inisjatyf de kick-off fan it iepeningswykein.

Sjongfestival
It tradisjonele Sjongfestival komt yn 2018 yn in nije foarm werom. In koar fan learlingen fan groep 6, 7 en 8 sjongt in eigen tekst op ien fan de selektearre tracks. De skoallen skriuwe foar it Sjongfestival sels in meartalich liet. Alle memmetalen fan de learlingen komme foar yn it liet. Sa fertelt it liet de ferhalen fan de skoalle of klasse.

De sjuery selektearret njoggen skoallen dy’t troch meie nei de finale dy’t op freed 29 juny 2018 hâlden wurdt op it poadium fan CityProms op it Wilhelminaplein yn Ljouwert. De finalisten stride dêr om de earste, twadde en tredde priis. Der is ek in tekstpriis foar de skoalle mei de moaiste sjongtekst.

Foar it Sjongfestival is in spesjale webside lansearre. Alle ynformaasje en mooglikheid ta ynskriuwen is te finen op www.sjongfestival.frl.  

It Sjongfestival is yn 2018 ûnderdiel fan it haadprogramma fan Never Ending Orchestra en wurdt organisearre troch Cedin, Afûk, Keunstwurk en Omrop Fryslân.

Noat foar de redaksje:
Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei de ôfdieling Marketing & Kommunikaasje: 058 299 7876.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)