Ice Bucket Challenge by Omrop Fryslân

21 aug 2014 - 15:42

Omroppers en harkers yn aksje foar Stichting ALS

Omrop-meiwurkers en harkers krije moarn in bak iiswetter oer de holle foar de
saneamde Ice Bucket Challenge. Dat is in ludike aksje dy't jild opsmite moat foar
ûndersyk nei de deadlike sykte ALS. Minsken wurde dêrby útdage om in amer mei
iiswetter oer de holle te krijen. As sy dat dien hawwe, meie se in pear oaren
nominearje om datselde te dwaan. De aksje by Omrop Fryslân is opset troch Simmer
yn Fryslân presintatoaren Willem de Vries en Femke de Walle. Sy lieten har woansdei
útdaagje troch harkers en dat smiet hûnderten reaksjes op.

Tal fan Omroppers geane freedtemiddei de útdaging oan. Ek CDA-politikus Sander de
Rouwe hat oanjûn mei te wurkjen oan de aksje. Elkenien is wolkom om mei te dwaan en de
inisjatyfnimmers hoopje dat in soad Friezen de útdaging mei harren oangean wolle.

De Omrop-Ice Bucket Challenge is live te folgjen op radio en televyzje. Trije shovels mei
iiswetter steane klear foar de útdaging. Minsken kinne delkomme as taskôger of sels
meidwaan oan de aksje. Freedtemiddei (22 augustus) om 15:30 oere fynt de aksje plak op it
parkearplak efter it gebou fan Omrop Fryslân oan de Súderkrúswei 2 (Zuiderkruisweg 2) yn
Ljouwert.

Noat foar de redaksje:
Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei de ôfdieling Marketing &
Kommunikaasje fan Omrop Fryslân, tel. 058 299 7876 / 06 14 23 98 34.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)