Hynstekeuring live by Omrop Fryslân

06 jan 2020 - 15:36

Jehannes 484, Tsjalle 454 en Jurre 495, de echte leafhawwer wit al wêr't dit oer giet. Sy en oare kampioenen skitterje dizze hiele wike by Omrop Fryslân. In de oanrin nei de Hynstekeuring fan 2020 wurdt alle dagen om 17.30 oere weromsjoen op eardere keuringen en kampioenen. Op sneon 11 jannewaris is de Hynstekeuring fan 8.30 oere ôf live te sjen by Omrop Fryslân. Mei oanslutend de hichtepunten fan Friesian Proms, it muzykspektakel mei hynders en muzyk fan ûnder oaren Marcel Veenendaal (DI-RECT), The BlueBirds en Elske DeWall.

It kommentaar by de Hynstekeuring wurdt ek dit jier jûn troch presintator Gerrit de Boer fan Omrop Fryslân en saakkundige Henk Dijkstra. Oan de ein fan de middei wurdt bekend wa't de kampioen fan 2020 is. Foar bûtenlânske sjoggers is de útstjoering online te folgjen mei Ingelsk of Dútsk kommentaar. Boppedat is der wer in Nederlânske livestream beskikber. Nei de keuring wurdt it bêste fan de Friesian Proms útstjoerd.

Op snein 12 jannewaris is de werhelling te sjen fan de hichtepunten fan de Friesian Proms en de finale fan de Hynstekeuring. Moandeis wurdt it spektakel ôfsletten mei in ekstra lange Hea! yn it teken fan de hynders.

Friesian Proms en Hynstekeuring by Omrop Fryslân

  • De hiele wike om 17.30 oere wurdt in eardere edysje fan de keuring by de 'holle' pakt (werhelling alle oeren).
  • Sneon 11 jannewaris om 8.30 oere: de Hynstekeuring live op telefyzje, Omropfryslan.nl en de Omrop-app. Oanslutend: de hichtepunten fan Friesian Proms.
  • Snein 12 jannewaris om 9.00 oere: werhelling hichtepunten Friesian Proms.
    Om 13.00 oere: werhelling fan de finale fan de Hynstekeuring.
  • Moandei 13 jannewaris om 17.20 oere: in ekstra lange Hea!

Sjoch foar mear ynformaasje en alles oer it Frysk hynder op: Omropfryslan.nl/hynstekeuring. Mear ynformaasje oer it programma fan de Hynstekeuring en Friesian Proms is te finen op www.kfps.nl.

Noat foar de redaksje:
Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei de ôfdieling Marketing & Kommunikaasje fan Omrop Fryslân: 058 299 7876.

(advertinsje)