Hynstekeuring 2015 live by Omrop Fryslân

22 des 2014 - 14:45

Hynstekeuring ‘Het Koninklijk Friesch Paarden-Stamboek’ op televyzje en Omroplive.nl

It Frysk Hynder stiet 8, 9 en 10 jannewaris 2015 wer yn de ‘spotlights’ by de jierlikse hynstekeuring fan ‘Het Friesch Paarden-Stamboek’ yn Ljouwert. Sneon 10 jannewaris stjoert Omrop Fryslân de keuring fan de stamboekhynsten live út op Omrop Fryslân Televyzje en Omroplive.nl, fan 8:30 oere ôf. Sjoggers kinne reagearje fia sms: 06 20 499 199 en twitter: #HK2015.

By de bylden fan de hynstekeuring op sneon wurdt live kommentaar jûn troch presintator
Gerrit de Boer fan Omrop Fryslân en saakkundige Henk Dijkstra fan ‘Het Friesch Paarden-Stamboek’. It kommentaar wurdt ôfwiksele mei ynterviews. Foar bûtenlânske sjoggers is de útstjoering op ynternet te folgjen mei Ingelsk kommentaar en ek foar de earste kear mei Dútsk kommentaar. Njonken de keurings binne der showrubriken te sjen, mar it hichtepunt fan de dei is alle jierren de beneaming fan de ‘Kampioen stamboekhynst’. Trije jier efterinoar waard ‘Norbert 444’ de grutte kampioen, mar hokker hynst sil op 10 jannewaris de titel bemachtigje?
Dat wurdt tusken 17:00 en 17:30 oere bekend.

De jierlikse hynstekeuring fan de Koninklijke Vereniging ‘Het Friesch Paarden-Stamboek’ is bedoeld as seleksje foar jonge hynsten en keuring fan de goedkarde KFPS-stamboekhynsten. Mar alle jierren is der ek in showjûn. Op freed 9 jannewaris fan 20:00 oere ôf is de pyste omboud foar de show: ‘Relaasje tusken minske & hynder’. It ynternasjonale karakter fan de Fryske hynders komt ta útdrukking yn de showjûn. Dielnimmers út Súd-Afrika, Sweden, Ingelân en sels Amearika komme spesjaal foar dizze show nei Ljouwert. De kür op muzyk ûnder begelieding fan nimmen oars as Wibi Soerjadi sil bjusterbaarlik wurde. Ek Joey, it hynder út de musical ‘Warhorse’, komt foarby en Gerrit Breteler sjongt tegearre mei Mintsje de Boer in prachtich liet. Dat alles wurdt ôfwiksele mei túchrubriken yn ferskate foarmen, in ymposante frouljuskarrûselgroep en de jongste dielnimmer hielendal út Amearika: de tsienjierrige Erica Matherly.

Hynstekeuring Live
Sneon 10 jannewaris fan 8:30 oere ôf op www.omroplive.nl en Omrop Fryslân Televyzje.
Yn it skoft tusken 12:00 en 12:30 oere is in kompilaasje fan de showjûn te sjen.

Mear ynformaasje oer it programma fan de hynstekeuring is te finen op www.kfps.nl.

Omrop Fryslân is de regionale stjoerder fan Fryslân. De Omrop makket radio en televyzje yn it Frysk en is dêrmei de ienige stjoerder fan Nederlân dy’t net yn it Nederlânsk útstjoert.
De Koninklijke Vereniging ‘Het Friesch Paarden-Stamboek’ (KFPS) is it âldste en op ien nei grutste hynstestamboek yn Nederlân en hat goed 12.000 leden yn binnen- en bûtenlân. Yn totaal steane likernôch 60.000 Fryske hynders ynskreaun.

Noat foar de redaksje:
- Foto: Hynstekeuring. Fotograaf: Diana Bloemendaal.

Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei de ôfdieling Marketing & Kommunikaasje fan Omrop Fryslân: 058 299 7876 en mei Marijke Akkerman fan it KFPS: 06 122 89 683.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)