Hurdrinnend de simmer troch mei Omrop Fryslân

07 aug 2015 - 15:33

Fit mei Femke clinics

Hurdrinners dy’t graach trainingstips hawwe wolle of minsken dy’t gewoan efkes in oerke bewege wolle. Elkenien kin fergees meidwaan oan twa hurdrinclinics fan it trainingsprogramma ‘Fit mei Femke’ fan Omrop Fryslân. De clinics binne op tiisdei 11 augustus yn Makkum en sneon 5 septimber yn Ljouwert. De hurdrinners dy’t der klear foar binne kinne op snein 13 septimber meidwaan oan de Simmer yn Fryslân-loop.

It trainingsprogramma ‘Fit mei Femke’ stiet dit jier sintraal yn de Simmer yn Fryslân kampanje fan Omrop Fryslân. Mei it Frysktalige trainingsprogramma wurdt de begjinnende hurdrinner holpen om yn koarte tiid 5 kilometer hurdrinne te kinnen. It programma bestiet út trettjin wiken trainingen op basis fan podcasts en in tal clinics fan hurdrincoach Jaring de Groot. De clinic fan tiisdei 11 augustus is op camping De Holle Poarte yn Makkum en begjint om 14.00 oere. De clinic fan sneon 5 septimber is by Omrop Fryslân oan de Zuiderkruisweg 2 yn Ljouwert en begjint ek om 14.00 oere. Opjaan foar de clinics is net nedich.

Ynhâld clinics
De clinics besteane út in wiidweidige warming-up, ekstra ‘loopscholings’-oefeningen en tips foar de rintechnyk. Elkenien kin op syn of har eigen nivo meidwaan, fan bern oant folwoeksenen. Wa’t de training net hurdrinnend dwaan kin, mei ek kuierje. Ek meidwaan oan in part fan de clinic is mooglik. Dielnimmers oan ‘Fit mei Femke’ krije yn de clinics ekstra tips as tarieding op it eindoel fan it trainingsprogramma: it rinnen fan de 5 kilometer lange Simmer yn Fryslân-loop op snein 13 septimber yn Burgum.

Simmer yn Fryslân-loop
Ek meidwaan oan de Simmer yn Fryslân-loop? Opjaan kin noch oant en mei tongersdei 10 septimber fia www.simmerynfryslan.nl. De Simmer yn Fryslân-loop is ûnderdiel fan de BurgumRun. De loop sil live te folgjen wêze by Omrop Fryslân op radio, televyzje, ynternet en de Omrop-app.

Noat foar de redaksje:
Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei de ôfdieling Marketing & Kommunikaasje: 058 299 7876.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)