Houkje Rijpstra wurdt de nije direkteur fan Omrop Fryslân

05 okt 2021 - 08:03

Houkje Rijpstra (Ljouwert, 1963) is beneamd ta nije direkteur-bestjoerder fan Stichting Omrop Fryslân. Sy folget op 1 desimber Nina Hiddema op. Rijpstra is op dit stuit direkteur-bestjoerder fan New Noardic Wave en wie earder ûnder oaren direkteur fan Vereniging Circulair Friesland en wethâlder yn Tytsjerksteradiel. Sy hat in eftergrûn yn de sjoernalistyk en wurke jierrenlang as (ein)redakteur by Omrop Fryslân.

Houkje Rijpstra keas nei in oplieding ta learaar Nederlânsk/skiednis foar de sjoernalistyk. Se learde de begjinsels fan it fak by Weekblad Actief yn Burgum en wurke dêrnei fan 1997-2006 as (ein)redakteur by Omrop Fryslân foar it telefyzjeprogramma Hjoed. Yn dy tiid studearre se ôf oan de Ryksuniversiteit Grins yn de Fryske taal en letterkunde. Fan 2006-2017 wie se wethâlder yn de gemeente Tytsjerksteradiel, wêrnei't se algemien direkteur waard fan de Vereniging Circulair Friesland. Under har lieding groeide dy organisaasje fan ûndernimmers, oerheden en ûnderwiis út ta in ûnôfhinklike autoriteit op it mêd fan folhâldbere ekonomy, mei mear as 100 leden. De ôfrûne perioade wie sy dwaande de organisaasje fan de Stichting Frysk Film en Media Platfoarm (New Noardic Wave) del te setten foar de takomst. Fierder ferfollet sy in tal kommissariaten, ûnder oaren by Woningcorporatie Lefier yn Grinslân/Drinte. Houkje Rijpstra wennet yn Gytsjerk, is troud en mem fan 2 bern.

"Alles falt op syn plak"
Houkje Rijpstra: "Foar my is de sirkel hjirmei rûn: mei myn eftergrûn yn de sjoernalistyk en 'mei de fuotten yn de klaai' by de Omrop, myn netwurk yn Fryslân en dêrbûten, myn ûnderfining as bestjoerder en myn passy foar Fryslân en it Frysk falt alles op syn plak. De ôfrûne jierren ha my leard dat ik my graach ynset om professionals harren wurk mei niget dwaan te litten. Soargje dat de organisaasje goed rint en in posityf profyl hat nei bûten ta, dat is wat my goed leit. De Omrop leit my nei oan it hert en is njonken in ûnderskiedend nijsmedium hiel belangryk foar de Fryske taal en kultuer. Fan dy moaie organisaasje út wol ik graach wat betsjutte foar Fryslân."

"In echte netwurker"
Ger Jaarsma, foarsitter fan de Ried fan Kommissarissen fan Omrop Fryslân: "Mei Houkje Rijpstra kriget de Omrop in Friezinne yn ieren en sinen as direkteur. Har tsjinjende styl fan lieding jaan en wize fan omgean mei minsken passe hiel goed by de Omrop. Houkje is in echte netwurker en is super motivearre om oan de slach te gean. De Ried fan Kommissarissen is tige bliid mei har komst."

(Advertinsje)