Hoe fine Friezen harren lok yn Frankryk?

09 maaie 2014 - 13:08

Buro de Vries op Omrop Fryslân Radio en Ynternet

Hoe fine Friezen harren lok yn Frankryk? Fan 10 maaie ôf sille Aukje de Hoop en Sippy Tigchelaar foar it radioprogramma Buro de Vries fan Omrop Fryslân op syk nei it antwurd op dy fraach. Sy reizgje ôf nei it lân fan de Tour de France en de fakânsje, it lân fan de Route du Soleil en de Eiffeltoer, op syk nei Friezen dy’t dêr harren lok sochten.

Nei’t Aukje en Sippy twa jier ferlyn op besite wienen by Friezen om utens yn Sweden, geane sy dit jier nei Frankryk. Sy wolle útfine hoe’t dy ‘loksikers’ mei roots yn Fryslân harren draai fûn hawwe yn Frankryk. Dat dogge sy troch it deistige libben mei te meitsjen, sawol thús as op it wurk. Njonken dat sy yn de kunde komme mei de Fryske Frânsen, wolle sy ek de kultuer fan ‘La Douce France’ opsnuve. Underwerpen lykas it ûnderwiis, de polityk, de skiednis, de gewoanten en de natuer komme oan de oarder.

Sneon 10 maaie stappe de froulju yn de auto, op nei Parys. Har earste stop is op de Champs-Elysées 116: it Lido. Yn Bretagne bringe sy in besite oan ien fan de prachtige kastielen. Fia Normandië en de Dordogne dale sy ôf nei it suden, dêr geane sy nei in Boeddhistysk kleaster en in boerefamylje. Dêrneist treffe sy in Fries dy't prizen wint mei syn Frânske gedichten en in eardere wethâlder yn Marseille.

Yn in rige fan tolve sfearfolle programma’s sil de reis fan Aukje en Sippy oankommende simmer útstjoerd wurde yn it radioprogramma Buro de Vries fan Omrop Fryslân. Wa’t no alfêst meigenietsje wol fan de reis kin dat dwaan troch it reisferslach fan de froulju te folgjen fia: www.omropfryslan.nl/blog/frankryk. De rige útstjoerings is te hearren fan 22 juny oant en mei 7 septimber op Omrop Fryslân Radio, alle sneins tusken 12:00 en 13:00 oere.

Noat foar de redaksje:
Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei de ôfdieling Marketing & Kommunikaasje fan Omrop Fryslân: tel. 058 299 7876.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)