Hearrenfean – Wolfsburg live op tv by Omrop Fryslân

05 jan 2017 - 16:28

Omrop Fryslân stjoert sneon 7 jannewaris de oefenwedstriid SC Hearrenfean – VfL Wolfsburg streekrjocht út op telefyzje. De wedstriid set om 15.00 oere útein en wurdt spile yn La Manga, Spanje.

Sawol SC Hearrenfean as VfL Wolfsburg binne op wintertrainingskamp yn Spanje en riede har ta op de twadde seizoenshelte fan de kompetysje. VfL Wolfsburg is op it stuit de nûmer 13 fan de Bundesliga. By de eardere Dútske lânskampioen spylje ûnder oaren de Oranje-internationals Jeffrey Bruma en Riechedly Bazoer.

It kommentaar by de wedstriid is fan Arjen de Boer fan Omrop Fryslân. De wedstriid wurdt jûns om 20.00 oere werhelle by Omrop Fryslân op telefyzje.

Noat foar de redaksje:
Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei de ôfdieling Marketing & Kommunikaasje: 058 299 7876.

(advertinsje)