Hea! yn it teken fan Faderpaard

12 jan 2017 - 16:15

It programma Hea! fan Omrop Fryslân stiet dizze dagen yn it teken fan Faderpaard.
It jierlikse hynste-evenemint fan De Koninklijke Vereniging ‘Het Friesch Paarden-Stamboek’ (KFPS). Hjoed sjocht Hea! foarút op de hynstekeuring mei de famylje Wijma en harren sukseshynst Jasper 366. Dat ferhaal wurdt moandei 16 jannewaris ferfolge yn in ekstra lange útstjoering fan Hea! oer Faderpaard. It evenemint is dit wykein folop te folgjen by Omrop Fryslân.

Jasper 366 is al 22 jier, mar noch hieltyd in fenomeen yn de Fryske hynstewrâld. By syn ferskinen wit er op de hynstekeuring alle kearen it publyk op de banken te krijen. Sneon docht Jasper ek wer mei oan de hynstekeuring. Hoe sil it de populêre hynst en syn eigeners fergean?

Yn de ekstra lange Hea! ek in portret fan foarbringer Tsjalling de Boer (25) fan Sint Jansgea. De Boer is ien fan de mannen dy’t, klaaid yn it wyt, de hynsten op harren foardielichst yn de ring út komme litte moatte. De Boer docht dat sa goed dat er syn berop der fan meitsje kinnen hat. It binne smoardrokke dagen foar him, want der docht ek in tal hynders fan himsels mei oan de keuring.

Faderpaard by Omrop Fryslân
De útstjoeringen fan Hea! binne te sjen fan 17.35 oere ôf op Omrop Fryslân en dêrnei alle oeren nei It Waar. It konsert Friesian Proms (freed 13 jannewaris fan 20.30 oere ôf) en de hynstekeuring (sneon 14 jannewaris fan 08.30 oere ôf) binne live te folgjen op telefyzje, Omropfryslan.nl en de Omrop-app. Mear ynformaasje oer alles wat Omrop Fryslân om it Fryske hynder hinne docht en ekstra reportaazjes binne te finen op: Omropfryslan.nl/faderpaard.

Noat foar de redaksje
Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei de ôfdieling Marketing & Kommunikaasje fan Omrop Fryslân: 058 299 7876.

(advertinsje)