Hea! siket muzikaal talint

20 jan 2017 - 16:50

Harkers en sjoggers fan Omrop Fryslân kinne meiskriuwe en sjonge oan it nije Hea!-liet. Ambysjes yn de muzyk, of gewoan nocht om in stikje moaie tekst te skriuwen? Meidwaan kin fan 21 jannewaris ôf op Omropfryslan.nl/hea.

It liet moat in fertolking wurde fan Hea! en alles dêr’t it programma foar stiet: gewoane Friezen, bysûndere ferhalen, drûge humor en Frysk. Dy gewoane Friezen komme ek sintraal te stean yn it Hea!-liet. De skoaljuf mei in skriuwpassy, de sjongende kroechbaas, of in muzikale boer: elkenien kin ideeën ynstjoere. Stekwurden, teksten of raps, alles is wolkom!

In bekende Fryske artyst skriuwt mei de ynstjoerde teksten in liet en makket der in melody by. As it liet klear is wurde harkers en sjoggers oproppen om it nûmer te sjongen en mei te dwaan oan de fideoklip. De lansearring fan it projekt is sneon 21 jannewaris yn it radioprogramma Sneon yn Fryslân mei Diana de Groot. Yn dat programma sil alle wiken, om likernôch 14.15 oere, in ‘update’ oer it projekt te hearren wêze.

Sjoch foar mear ynformaasje, filmkes en it opjefteformulier op Omropfryslan.nl/hea.

Hea!
Fan moandei oant en mei tongersdei om 17.35 oere en dêrnei alle oeren nei It Waar.

Noat foar de redaksje:
Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei de ôfdieling Marketing & Kommunikaasje: 058 299 7876.

(advertinsje)