Hea! is op syk nei ‘Jo momint’

24 okt 2016 - 07:16

Dobberjende eintsjes of immen dy’t besiket in peal yn de grûn te slaan, allegear simpele mar moaie mominten. In hiel bekende rubryk oan de ein fan it telefyzjeprogramma Hea! is ‘Samar in momint’. Dat momint kin fan alles wêze, mar it is altyd genietsjen fan in prachtich momint út ús provinsje. Fan dizze wike ôf kin it samar wêze dat jó momint ek te sjen is op telefyzje.

It programma Hea! makket reportaazjes oer gewoane minsken mei bysûndere ferhalen. Fêst ûnderdiel is ‘Samar in momint’. Oant no ta stjoerde Hea! kameraminsken op ‘en paad troch Fryslân om moaie mominten op te nimmen. Mar no kinne minsken thús dat momint ek bepale.

Alle tongersdeis stjoert Hea! ‘Jo momint’ út. Sjoch foar mear ynformaasje oer ‘Jo momint’ en hoe’t minsken in filmke ynstjoere kinne op: Omropfryslan.nl/momint. Der kin net tasein wurde dat alle ynstjoerde mominten ek brûkt wurde foar de útstjoering.

Hea!
Fan moandei oant en mei tongersdei fan 17.35 oere ôf alle oeren op Omrop Fryslân Telefyzje. Mei alle tongersdeis ‘Jo momint’ oan de ein fan de útstjoering.

Noat foar de redaksje:
Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei de ôfdieling Marketing & Kommunikaasje fan Omrop Fryslân: 058 299 7876.

(advertinsje)