Hantsjemier, Lapkepoep en Paprikapoal

11 nov 2019 - 13:28

Arbeidsmigraasje op it Fryske plattelân

In soad Fryske famyljes binne neikommelingen fan seizoenarbeiders út Dútslân: de Hantsjemieren en Lapkepoepen. Hjoed-de-dei wurkje der noch altyd arbeidsmigranten op it Fryske plattelân, bygelyks yn de paprika's. Programmamakker Albert Jensma makke de Fryslân DOK 'Hantsjemier, Lapkepoep en Paprikapoal'.

Sûnt minskeheugenis kamen kloften Dútske arbeiders út Westfalen nei Fryske boeren om it lân te meanen, de saneamde 'Hantsjemieren'. Letter folgen de 'Lapkepoepen', hannelers yn Dútsk lekkenguod en oar tekstyl. Albert Jensma giet by de famylje Pilat út de Wâlden del. Sy binne neiteam fan in thúswever út it Dútske Burgsteinfurt. Hy siket ek Albert Brenninkmeijer (95 jier) op yn Tecklenburg. Syn oerpake reizge nei Fryslân as lapkepoep en begûn yn 1841 de earste C&A-winkel yn Snits.

Op it Fryske plattelân wurkje no Poalen, Bulgaren en Roemenen. Majiec en Joanna hoopje oer in pear jier genôch jild te hawwen om yn Poalen in hûs te bouwen. Mar Gofr wol graach hjir bliuwe en sjocht de takomst fan syn sushi-catering yn Fryslân.

Fryslân DOK 'Hantsjemier, Lapkepoep en Paprikapoal'
16 novimber 15.30 oere op NPO2 (Nederlânske ûndertiteling, werhelling 17 novimber 13.00 oere)
17 novimber 17.00 oere op Omrop Fryslân (werhelling alle oeren)


Noat foar de redaksje
Foto Omrop Fryslân: 'Maciej, Joanna en Doede'.
Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei de ôfdieling Marketing & Kommunikaasje fan Omrop Fryslân: 058 299 7876 of mk@omropfryslan.nl.

(advertinsje)