Gurbe Douwstra fiert 2000ste Radio Froskepôle

15 jun 2016 - 07:16

Op tiisdei 21 juny

Fan útstjoering ien oant twatûzen, alle kearen wer stiet it Omrop Fryslân programma Radio Froskepôle yn it teken fan streektaalmuzyk. En mei de 2000ste ôflevering op tiisdei 21 juny sil dat net oars wêze. Om dat jubileum te fieren is der in spesjale en ekstra lange útstjoering op radio en telefyzje. Fan 18.00 oant 20.00 oere ûntfangt presintator Gurbe Douwstra ferskate artysten en fans fan de earste oere.

Radio Froskepôle sette yn 1999 útein as wykliks streektaalprogramma. Sûnt 2011 is it programma alle wurkdagen te hearren fan 18.00 oant 19.00 oere. Yn dy jierren is der wol wat feroare. “Yn it begjin wie it mear in programma oer muzyk út Fryslân en net allinnich mar streektaal. Omdat de net-Frysktalige muzyk fan Fryske artysten wol genôch draaid waard, bin ik op in bepaald momint úteinset mei it draaien fan allinnich mar streektaalmuzyk en dan mear as allinnich út eigen provinsje”, sa seit Gurbe Douwstra.

It begjint kommende tiisdei 21 juny foar Gurbe mei moarnsiten yn kafee Marktzicht (Drachten) dêr’t it idee foar it programma yndertiid ûntstien is. Dat alles is live te folgjen op Omrop Fryslân Radio. Dêr sil ek de earste Froskepôleplaat fan dy dei oankundige wurde. Dêrnei wurdt der alle oeren in Froskepôleplaat draaid dy’t keazen is troch presintator Gurbe Douwstra sels. Oan alle platen sit in spesjaal ferhaal fêst.

Fan de ôfrûne jierren is der ien ôflevering dy’t Gurbe it meast bybleaun is. “Sûnder mis de útstjoering fan de 1500ste Radio Froskepôle yn 2014. Ik haw it programma doe tegearre presintearre mei streektaal-kollega’s Henk Scholte fan RTV Noord en Bert Kamping fan RTV Drenthe. Hiel bysûnder wie dat dy ôflevering tagelyk útstjoerd waard op alle trije de noardlike regionale omroppen. Dat wie noch nea earder bard.”

Foar de spesjale útstjoering fan Radio Froskepôle op 21 juny binne fans fan de earste oere oanwêzich om it jubileum mei te fieren. Gurbe ûntfangt trije muzikale trio’s: Otto Groote Ensemble út Dútslân, Harry Niehof trio út Grins en Piter Wilkens mei Libbene Stiennen út Fryslân.

2000ste Radio Froskepôle:
Fan 18.00 oant 20.00 oere op Omrop Fryslân Radio, Telefyzje, omropfryslan.nl en de Omrop-app. Mear ynformaasje oer Radio Froskepôle en de útstjoeringen is te finen op: omropfryslan.nl/froskepole.

Noat foar de redaksje:
Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei de ôfdieling Marketing & Kommunikaasje fan Omrop Fryslân: tel. 058 299 78 76.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)