Gerrit Hiemstra nije kommissaris Omrop Fryslân

19 jun 2020 - 09:32

Gerrit Hiemstra is beneamd ta lid fan de Ried fan Kommissarissen (RfK) fan Omrop Fryslân. Hiemstra, meteorolooch en waarpresintator by de NOS, hat media as oandachtsgebiet yn de RfK. De Ried fan Kommissarissen bestiet fierder út Ger Jaarsma (foarsitter), Saakje Mulder, Lian Nijenhuis en Edwin Meijer.

Gerrit Hiemstra (1961, berne yn Drachten en opgroeid yn Sumar) hat in brede ekspertize op it mêd fan de meteorology. Hy wurket sûnt 1998 as waarpresintator by de NOS. Nei syn stúdzje oan de universiteit fan Wageningen wurke Hiemstra ûnder oaren by Meteo Consult en it KNMI en as oprjochter en direkteur fan DLV Meteo en WeerOnline. De lêste jierren rjochtet Hiemstra him mei syn bedriuw Weather Impact op de advisearring oer ekstreem waar en klimaatferoaring. Hy jout ek lêzingen en kursussen op dat mêd. Fierders is hy lid fan de Wageningen Ambassadors en ambassadeur fan de feriening Noardlike Fryske Wâlden.

Gerrit Hiemstra: "It is tige earfol om oan te treden as lid fan de Ried fan Kommissarissen fan Omrop Fryslân. De Omrop is in wichtige organisaasje yn Fryslân en spilet in grutte rol yn de Fryske mienskip en foar de Fryske taal en kultuer. Ik haw lang bûten de provinsje wenne, mar meikoarten sille wy werom nei Fryslân. It is moai dat ik dan op dizze wize in bydrage leverje mei oan de Omrop en oan de Fryske mienskip."
RfK-foarsitter Ger Jaarsma: "Wy binne tige bliid mei de komst fan Gerrit Hiemstra. Hy is hikke en tein yn Fryslân, praat Frysk en komt dizze simmer wer yn it heitelân te wenjen. Mei Gerrit helje wy ûndernimmerskip en kennis fan it wurkjen op redaksjes binnen. In hiel goede oanfolling op de hjoeddeiske RfK."

(Advertinsje)