Gearwurking RTV NOF en Omrop Fryslân: sterkere lokale sjoernalistyk

27 jul 2020 - 09:50

De streekomrop foar de regio Noardeast Fryslân, RTV NOF, en Omrop Fryslân sille yntinsiver gearwurkje om de lokale sjoernalistyk te fersterkjen. De omroppen hawwe in subsydzje fan in heal miljoen euro krigen út de pot 'Versterking van de Lokale Journalistiek' fan it ministearje fan Underwiis, Kultuer en Wittenskip. Mei dy stipe kinne de omroppen foar de kommende fjouwer jier trije ekstra sjoernalisten oannimme, dy't de gemeenten Noardeast-Fryslân, Dantumadiel, Tytsjerksteradiel, Achtkarspelen, Schiermonnikoog en Ameland as harren wurkgebiet krije.

It gearwurkingsprojekt hat as doel om de redaksje fan streekomrop RTV NOF fierder te profesjonalisearjen. Dy omrop hat sûnt koart in team fan fêste redaksjeleden, oanfolle mei in grut tal frijwilligers en wol graach in folgjende kwaliteitsslach meitsje. De yntinsivere gearwurking mei Omrop Fryslân en de oanstelling fan in tal profesjonele sjoernalisten sil dêr in flinke ympuls oan jaan, sa is de ferwachting.

De trije nije sjoernalisten komme yn tsjinst by Omrop Fryslân en wurkje op de redaksje fan RTV NOF yn De Westereen. Se binne aktyf yn de seis gemeenten yn de regio Noardeast Fryslân. De sjoernalisten wurkje foar beide omroppen en kinne gebrûk meitsje fan de kennis en ûnderfining dy't no al beskikber is. De omroppen kinne inoars ferhalen en argiven brûke.

Lokale polityk en ferdjipjende nijsferhalen
De nije sjoernalisten krije ûnder oare as taak de lokale polityk en maatskiplike ûntjouwingen yn de seis gemeenten te folgjen en kontrolearjen. Fan gemeenteriedsgearkomsten oant lokale oangelegenheden. Njonken de deistige nijsferslachjouwing wurde ferdjipjende nijsferhalen makke. Alle ferhalen binne yn it foarste plak bestimd foar de streekomrop. In part dêrfan sil lykwols ek geskikt wêze foar Omrop Fryslân en ynsidinteel kin ek de lanlike publike omrop gebrûk meitsje fan de ferhalen. Op dy wize wurde alle trije lagen fan it publike bestel betsjinne.

Haadredakteur Ingrid Spijkers fan Omrop Fryslân is bliid mei de subsydzje: "Mei dit projekt fersterkje we de lokale en dêrmei ek de regionale sjoernalistyk. Lokale sjoernalisten kontrolearje it gemeentebestjoer en lokale politisy en binne mei dêrom in ferbinende faktor yn de lokale mienskip." Foarsitter Marco Keizer fan RTV NOF: "Wy bliuwe bouwen oan in streekomrop dy't struktureel lokaal tarikkend media oanbod oan de ynwenners fan de regio Noardeast Fryslân biede kin. Dit trajekt is in wolkomme oanfolling dêrop en is kenmerkjend foar de groei dy't we trochmeitsje. In boppeslach foar de regio."
 

(advertinsje)