​Gearwurking Omrop Fryslân en noardeastlike omroppen

11 feb 2019 - 10:06

Minister Slob jout startskot foar projekten ûndersykssjoernalistyk

Omrop Fryslân, RTV Oost, RTV Drenthe en RTV Noord bondelje de krêften op it mêd fan ûndersykssjoernalistyk. It is foar it earst dat de regionale omroppen yn Noardeast-Nederlân struktureel gearwurkje sille op redaksjoneel gebiet.

Media-minister Arie Slob hat moandei 11 febrewaris yn de studio fan RTV Oost it startskot jûn foar it gearwurkingsprojekt. Hy die dat troch symboalysk it earste tegeltsje te lichten foar de fjouwer omroppen.

Oanlieding
Elk momint fan de dei komt fia in mearfâld fan platfoarms in ûneinige stream nijsberjochten op minsken ôf. De haadredaksjes fan de omroppen sjogge it as harren publike taak om tsjinwicht te bieden yn de foarm fan deeglik sjoernalistyk ûndersyk.

De ôfrûne jierren binne de regionale omroppen útgroeid ta multymediale bedriuwen, dy't 24/7 nijs fan tichteby publisearje op ferskate platfoarms. In feroare wurkwize, mear platfoarms: it fiert de druk op de redaksjes fierder op. Mei as gefolch dat sjoernalistyk útsykwurk op de eftergrûn driget te reitsjen. Sjoernalistyk fakmanskip is rom oanwêzich op de belutsen redaksjes. Dêrom is besletten de krêften op ûndersyksmêd te bondeljen yn Noardeast-Nederlân, in gebiet mei sterke regionale omroppen en provinsjes mei mienskiplike kenmerken.

Gearwurking ûndersykssjoernalistyk
De kombinaasje fan grutte kennis fan it eigen gebiet en in grutte belutsenens by de eigen mienskip, foarmet in sûne basis foar ûndersykssjoernalistyk. Foar elk ûndersyk wurdt in team foarme fan spesjalisearre sjoernalisten fan de belutsen omroppen. Wêr't dat mooglik is, wurdt it publyk fan de omroppen belutsen by de kar fan ûnderwerpen. Ofsjoen fan de opdracht om de nedige tegels te lichten, moat it projekt liede ta de opbou fan mear ekspertize by de omroppen. Ek moat it projekt de ûnderlinge gearwurking tusken de redaksjes befoarderje.

It gearwurkingsprojekt wurdt koördinearre troch Goos de Boer; in betûft ûndersykssjoernalist fan RTV Noord mei ek ûnderfining as liedingjaande. Hy inisjearret en stimulearret de mienskiplike ûndersiken fan de fjouwer omroppen. Dêrnjonken draait hy sjoernalistyk mei by de ûndersyksprojekten.

Noat foar de redaksje:
Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei de ôfdieling Marketing & Kommunikaasje fan Omrop Fryslân: 058 299 7876.

(advertinsje)