FryslânDOK: 'Spoarsykje' nei de Lelyline

28 jun 2021 - 10:29

Wurdt de Lelyline de katapult dy't Noard-Nederlân einlings de dreamde takomst yn sjit? Of is de spoarline in 'fopspeen' foar dy noardlike dreamen? De FryslânDOK 'Spoarsykje'giet oer de helberens en de winsklikheid fan de rappe spoarline tusken it noarden en de Rânestêd. Te sjen op 3 july by NPO2 en op 4 july by Omrop Fryslân.

Mei in swiere lobby set Noard-Nederlân alles op alles om it kommende kabinet derta te bewegen te ynvestearjen yn de Lelyline. Dat trajekt ferbynt Amsterdam fia Almere, Lelystad, Emmeloord, it Hearrenfean en Drachten mei Grins - en leafst noch fierder, fia Dútslân oant Skandinavië. De Lelyline soe in enoarme ympuls jaan moatte oan de ekonomy yn Flevolân, Fryslân, Grinslân en Drinte.

Deal
Der is in potinsje-ûndersyk dien nei de Lelyline. Foar de noardlike bestjoerders is dat it bewiis dat de spoarline besteansrjocht hat en goed te eksploitearjen is. Sy wolle dat it Ryk no einlings ris ynvestearret yn de spoarferbining, dy't yn ferskillende farianten al tsientallen jierren op it ferlanglistje stiet. Yn it resinte 'Deltaplan voor het noorden' biedt de noardlike regio it Ryk oan mei de bou fan 220.000 ekstra huzen in grut part fan it lanlike wenningtekoart op te lossen, yn ruil foar de Lelyline. Mei dizze deal soe de Lelyline net allinnich mar in kadootsje wêze foar it noarden, mar ek in lanlik belang tsjinje.

Twivels
FryslânDOK frege eksperts om it potinsje-ûndersyk en it 'Deltaplan voor het noorden' tsjin it ljocht te hâlden. Sawol planologen fan de Rijksuniversiteit Groningen as it College van Rijksadviseurs hawwe har twivels oer de útgongspunten en realiteitssin fan de spoarline-plannen. In oare belangrike faktor yn de helberens is it bûtenlân. Past it trochlûken fan de spoarline nei Hamburg en Skandinavië yn de plannen fan Dútslân en de Europeeske Uny? FryslânDOK stelde dy fraach oan in Europarlemintariër transportsaken en moete yn Dútslân de steatssiktaris spoarsaken fan de Dútske Bundesregierung. Harren opmerklike antwurden jouwe in oare blik op de sa winske Lelyline.

FryslânDOK: 'Spoarsykje' nei de Lelyline
Sneon 3 july, 15.30 oere, NPO2 (werhelling 4 july 13.10 oere)
Snein 4 july, 17.00 oere, Omrop Fryslân (werhelling alle oeren)
FryslânDOK wurdt Nederlânsk ûndertitele

(Advertinsje)