FryslânDOK ‘It Masterstik’ op Babel Film Festival yn Itaalje

02 des 2021 - 13:13

De FryslânDOK 'It Masterstik' is nominearre foar in priis op it ynternasjonale Babel Film Festival yn Itaalje. De dokumintêre oer keunstner Hans Jouta en syn stânbyld fan Johan Cruijff wurdt op 9 desimber fertoand op it filmfestival yn Cagliari, de haadstêd fan Sardinië. It Babel Film Festival is in twajierlikse kompetysje foar films yn minderheidstalen. Op 11 desimber wurdt bekend oft de film fan regisseur Albert Jensma yn de prizen fallen is.

It Masterstik is troch de organisaasje nominearre foar de UNICA award, dy't takend wurdt troch studinten fan de Universiteit fan Cagliari. Foar dy award binne 6 films selektearre: trije út Frankryk en films út Turkije, Itaalje en Fryslân.

It Masterstik
Keunstner Hans Jouta út Ferwert kriget ein 2018 de opdracht om in stânbyld fan Johan Cruijff te meitsjen. Earder makke er al brûnzen bylden fan skriuwster Nynke fan Hichtum ('Afkes Tiental'), keatsfenomeen Hotze Schuil en fan Bob Haarms, assistint-trainer by Ajax.

Mar diskear moat Hans it sûnder syn heit Sytse dwaan. Heit hat him alles leard. Dat it libben boartsjen is, in spul dat jo sa goed mooglik en mei in soad wille spylje moatte. Mar heit is demintearjend en de opdracht falt Hans swier. Boartsjen wurdt 'm net. De druk fan wat syn grutte masterstik wurde moat, hâldt him nachten út 'e sliep. En as de twivel oer syn eigen kinnen him yn in fêste greep kriget, wurdt de lêst hast ûndraachlik.

Foar 'It Masterstik' folge Albert Jensma de keunstner oardel jier lang by it meitsjen fan it byld, oant en mei de ûntbleating foar de Johan Cruijff Arena op 21 augustus 2020.
 

Noat foar de redaksje
Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei de ôfdieling Publyk fan Omrop Fryslân: publyk@omropfryslan.nl of (058) 229 78 76.
Boarne ôfbylding: filmstill út 'It Masterstik'

(Advertinsje)