FryslânDOK 'Groeten uit Friesland': 'Beklimmers fan it flakke lân’ (diel 9)

21 jun 2021 - 10:50

Fryske folkloare en tradysjes, fersterkje dy de regio? Of binne it bongels oan de poat dy't de foarútgong tsjinhâlde? Yn 'Groeten uit Friesland' ûndersiket FryslânDOK de wearde fan tradysjes yn de moderne tiid. Te sjen op 26 juny by NPO2 en op 27 juny by Omrop Fryslân.

Yn de simmer tilt de provinsje wer op fan de tradisjonele sporten en folkloristyske aktiviteiten. Skûtsjes sile oer de marren, keatsers stean yn it perk, skotsploegen en ringstekkers hawwe de knappe klean wer oan. Diel 9 fan 'Beklimmers fan it flakke lân' giet oer Fryske kultuer.

Hylpen
De dracht, it skilderwurk en de eigen taal binne saken om grutsk op te wêzen, fine se yn Hylpen. Yn de 17e en 18e iuw befearen de skippers de seeën en namen guod mei nei hûs oeral wei. Dy Hylper kultuer wie dêrmei it produkt fan in iepen blik op de wrâld. Dochs sjogge we hjoed-de-dei it skilderwurk en de klean krekt as 'lokaal' en 'âlderwetsk'. De Feriening Aald Hielpen besiket om mei nije aktiviteiten jongeren oan har te binen. Want it dragen fan Hylper klean mei net allinnich in keunstke foar toeristen wêze, mar moat ek yn de siel fan de Hylpers sitten bliuwe. Yn FryslânDOK sjogge we ek de Hylper skilder Titus Stallmann dy't de tradisjonele skilderkeunst ûntwikkelje wol foar de takomst.

Keatsen
Sjoernalist Ate de Jong rint simmerdeis it leafst hiele dagen op it keatsfjild om, en hy genietet fan de sport en de ferhalen. It is in romantyske, mar ek konservative wrâld. Tagelyk makke De Jong him yn syn wurk altyd hurd foar oare kulturele minderheden. Mei FryslânDOK praat De Jong oer de tsjinstelde krêften dy't er fielt tusken syn wurk en syn leafde foar it keatsen.

Beklimmers
Yn de searje 'Beklimmers fan it flakke lân' siket Fryslân DOK nei inisjativen op lokaal, lytsskalich nivo, betocht op basis fan grutte ideeën en idealen.

FryslânDOK, Beklimmers fan it Flakke Lân diel 9 - 'Groeten uit Friesland'
Sneon 26 juny, NPO2 15.30 oere (werhelling 27 juny 13.10 oere)
Snein 27 juny Omrop Fryslân 17.00 oere (werhelling alle oeren)
FryslânDOK wurdt Nederlânsk ûndertitele.

(Advertinsje)