FryslânDOK: ‘The good, the bad and the internet’

07 jun 2021 - 13:08

Jonge hackers krije begelieding yn etysk hacken. Mei as doel dizze 'first offenders' op it rjochte paad te krijen en yn te setten tsjin hackers. De FryslânDOK 'The good, the bad and the internet' is te sjen op 12 juny by NPO2 en op 13 juny by Omrop Fryslân.

Plysje en justysje komme hieltyd faker jongeren tsjin dy't har skuldich meitsje oan hacke. Kompjûters en sels komplete netwurken wurde kreake en misbrûkt. Hackers wurde ferlaat troch it grutte jild, wolle ynformaasje sammelje of dogge it soms suver foar de útdaging. Se realisearje har net wat de gefolgen wêze kinne en hoe grut oft de skea is. Ek yn Fryslân wiene koartlyn in pear grutte hacksaken. Begjin 2020 waard it dataferkear fan it MCL sikehûs yn Ljouwert platlein. It ynstitút foar wettertechnology Wetsus hat in wike lang hackt west en betelle de hackers losjild yn bitcoins.

Etysk hacke
Cyberkriminaliteit hat grutte gefolgen foar de maatskippij. Bedriuwen en oerheden dogge der alles oan om har feilichheid op it ynternet te ferbetterjen. Der binne inisjativen om jongeren op te lieden yn 'etysk hacke': kwetsberheden yn kompjûtersystemen opsykje en dat melde oan de eigener. Sa soene jonge talintfolle hackers de maatskippij just helpe kinne.

Hack Right
Om jongeren dy't oer de skreef geane net allinnich te straffen mar ek te begelieden, hawwe plysje en justysje 'Hack Right' ûntwikkele. Mei as doel dizze 'first offenders', de jongeren dy't foar it earst mei justysje yn oanrekking komme, op it rjochte paad te krijen én te hâlden. Foar guon leit der miskien wol in baan as etysk hacker yn 'e takomst.

Hacklab
Yn de FryslânDOK 'The good, the bad and the internet' portrettearret programmamakker Wilfried Bijma in jonge hacker dy't it Hack Right-trajekt folget, yn ôfwachting fan syn rjochtsaak. Bijma jout ek in blik achter de skermen by it Hacklab yn Ljouwert. Jongeren krije dêr begelieding yn etysk hacken, ûnder oare fan cyberspesjalist Erik Rutkens.

FryslânDOK 'The good, the bad and the internet'
Sneon 12 juny, 15.30 oere, NPO2 (werhelling 13 juny 13.10 oere)
Snein 13 juny, 17.00 oere, Omrop Fryslân (werhelling alle oeren)
FryslânDOK wurdt Nederlânsk ûndertitele

(Advertinsje)