FryslânDOK: F-35: Wat hinget ús boppe de holle?

14 jun 2021 - 08:36

De F-35 strieljager makket folle mear leven as syn foargonger de F-16. Wat docht dat nije fleantúchlûd mei minsken en har leefomjouwing? De FryslânDOK 'F-35 - wat hinget ús boppe de holle?' is te sjen op 19 juny by NPO2 en op 20 juny by Omrop Fryslân.

Yn 2013 naam Nederlân it beslút om 37 Joint Strike Fighters oan te skaffen. Twa jier lyn kamen de earste nije strieljagers nei de fleanbasis Ljouwert. Sûnt dy JSF, of de F-35 sa't hy no neamd wurdt, yn gebrûk nommen is, nimt it oantal klachten oer lûdsoerlêst ta. Dat de F-35 folle mear leven makket as de F-16 wurdt ek troch it ministearje fan Definsje erkend. Mar hoe lûd is lûd, en hoe ûnderfine de omwenners dat?

Mjitpunten
Mjitpunten om de fleanbasis hinne registrearje kontinu de lûdsnivo's fan de fleantugen. Guon omwenners dogge sels mjittings by har thús om fet te krijen op de desibellen. Bliuwe de F-35's binnen de lûdsbegrinzing dy't de oerheid fêststeld hat?

Sûnens
Desibellen sizze lykwols neat oer de persepsje fan it lûd. Mar nei it effekt fan it lûd op minsken, harren leefomjouwing en harren sûnens wurdt noch gjin ûndersyk dien. Der is dus in twadieling tusken it oerheidsbelied basearre op lûdsnivo's en de persoanlike belibbing, dy't fierder giet as allinnich de direkte omjouwing fan de fleanbasis. Mei de lûdere F-35 en yn 'e takomst it oefengebiet boppe hiel Noard-Nederlân is it nijsgjirrich te witten hoe't it lûd yn doarpen fierderop belibbe wurdt.

Foar FryslânDOK ûndersiket programmamakker Johanna Brinkman wat it effekt is fan it strieljagerlûd op minsken. Oan it wurd komme lûdsûndersiker fan de Rijksuniversiteit Groningen Tjeerd Andringa, húsdokter Foekje Kalsbeek út Stiens en ferskate omwenners fan de fleanbasis.

FryslânDOK: 'F-35: Wat hinget ús boppe de holle?'
Sneon 19 juny, 15.30 oere, NPO2 (werhelling 20 juny 13.10 oere)
Snein 20 juny, 17.00 oere, Omrop Fryslân (werhelling alle oeren)
FryslânDOK wurdt Nederlânsk ûndertitele

 

Image icon Download f35_foto.jpg (154.34 KB)
(Advertinsje)