Fryslân DOK: ‘Winterwaar op komst’

02 mrt 2021 - 10:05

As guozzen yn V-foarm oer it lân fleagen, seine de minsken: 'winterwaar op komst'. Winters mei snie en iis binne seldsum hjoed-de-dei, mar guozzen binne der by it soad. De Fryslân DOK 'Winterwaar op komst' wurdt útstjoerd by NPO2 op 6 maart en in dei letter, op 7 maart, by Omrop Fryslân.

It oantal oerwinterjende guozzen yn Nederlân is yn de ôfrûne fyftich jier tanommen fan hûnderten doe, oant miljoenen eksimplaren no. As it gerslân yn it Fryske 'gedoochgebiet' troch guozzen opfretten wurdt, betellet de provinsje Fryslân de skea oan de boeren. It skeabedrach wurdt hieltyd heger omdat de fretskea oan it lân ek hieltyd grutter wurdt. Dus hat de provinsje yn 2017 bepaald dat in protte guozzen sketten wurde meie. Jagers meie bygelyks no al foardat de sinne opkomt begjinne te sjitten.

Klimaatferoaring
Mar yn hoefier is dit symptoombestriding en wat betsjutte dy maatregels op lange termyn? Troch klimaatferoaring soene der noch folle mear guozzen nei Nederlân komme kinne. Wat dogge we dermei? Filmmakker Albert Jensma freget it oan boeren, wittenskippers, guozzefangers, jagers en slachters.

Fryslân DOK: 'Winterwaar op komst'
Sneon 6 maart NPO2 15.30 oere (Nederlânsk ûndertitele, werhelling snein 7 maart 13.10) Snein 7 maart Omrop Fryslân 17.00 oere (werhelling alle oeren)

(Advertinsje)