Fryslân DOK - Werhelling De pracht fan de Macht

17 maaie 2016 - 14:16

De macht fan de Friezen yn de fiifde oant de sânde iuw rikte folle fierder as de eigen terp. Dat bewize de goudskatten dy’t noch oant en mei 5 juny yn it Fries Museum byinoar brocht en útstald binne. De sieraden, munten en oare foarwerpen dy’t opgroeven binne út de Fryske terpen binne unyk yn Nederlân.

Fryske terpen binne de skatkeamers fan Fryslân. Geregeld wurde der noch goudskatten fûn yn de boaiem. Dêrút docht bliken dat Fryslân it rykste diel fan Nederlân wie yn de iere midsiuwen. It goud fertelt lykwols net sa folle oer har dragers of eigeners. Yn Fryslân DOK lit it Fries Museum inkelde gouden stikken, sa as de fibula fan Winaam en de goudskat fan Dronryp, ûndersykje yn it loft- en romtefeartlaboratoarium yn Marknesse.

De fibula fan Winaam is it topstik fan de kolleksje. Metaaldetektorsikers hawwe in protte bydroegen oan de rekonstruksje dêrfan. Fierder komt Johan Nicolay oan it wurd. Yn syn boek ‘The splendour of power’ bringt hy it Fryske goud yn ferbân mei de Angelsaksyske, Deenske en Frankyske keningshuzen.

Fryslân DOK: De pracht fan de macht
Snein 29 maaie fan 17.00 oere ôf alle oeren op Omrop Fryslân Telefyzje. Ek te sjen op sneon 28 maaie om 15.30 oere en snein 29 maaie om 13.05 oere op NPO 2.

Dizze dokumintêre is earder útstjoerd op snein 21 juny 2015.

Noat foar de redaksje:
Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei de ôfdieling Marketing & Kommunikaasje fan Omrop Fryslân: tel. 058 299 7876.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)