Fryslân DOK - Wenje op in put

02 feb 2016 - 12:18

Jierrenlang is der warskôge foar de negative gefolgen fan gas- en sâltwinning. Nea waard dy warskôging echt serieus nommen. Mar no’t yn Grins de skea pynlik sichtber wurdt, is elkenien klear wekker. Want ek yn Fryslân wurdt der gas en sâlt wûn, mei byhearrende gefolgen.

Ynwenners fan it doarp Toppenhuzen meitsje harren slim soargen. Oaljemaatskippij Vermilion wol dêr fiifhûndert miljoen kúb gas winne oer in perioade fan tsien oant fyftjin jier. Dat hat al ta kommoasje laat.

Yn Winaam begripe se dy noed. Dêr is de grûn troch gas- én sâltwinning mear sakke as foarsein en der binne skuorren yn de huzen ûntstien. Mar in goede skearegeling foar partikulieren is der net. Problemen meie de ynwenners sels oplosse.

Fryslân DOK: Wenje op in put
Snein 14 febrewaris om 17.00 oere en dêrnei fan 18.10 oere ôf alle oeren op Omrop Fryslân Telefyzje. Ek te sjen op sneon 13 febrewaris om 13.10 oere en snein 14 febrewaris om 13.00 oere op NPO 2.

Noat foar de redaksje:
Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei de ôfdieling Marketing & Kommunikaasje fan Omrop Fryslân: tel. 058 299 7876.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)