Fryslân DOK - Under fjoer, brân op de Kelders Ljouwert

02 okt 2014 - 13:30

    Fryslân DOK op snein 12 oktober

    It sintrum fan Ljouwert waard op 19 oktober ferline jier troffen troch in brân dy’t grutte yndruk makke op de ynwenners fan de Fryske haadstêd. Der foel in deadlik slachtoffer,
    de brân wie yn it hert fan de stêd en hy wie boppedat hiel grut yn omfang. Dat alles makket de Keldersbrân ta in barren dat minsken bybliuwt. Yn dit gefal wie de brân yn it sintrum fan de Fryske haadstêd, mar feitliks driget itselde gefaar foar in soad oare âlde binnenstêden yn Nederlân.

    Oer de grutte brân op de Kelders yn Ljouwert is al in soad sein en skreaun. Der leit in skuldfraach en der is in fertochte dy’t foarkomme moat, omdat er net goed oppast hawwe soe mei in gaskachel. De gemeente, de húseigeners, plysje en brânwacht evaluearje hoe’t se hannele hawwe op dy dramatyske jûn.

    De dokumintêre ‘Under Fjoer, brân op de Kelders Ljouwert’ giet net oer de skuldfraach of oer de oarsaak fan de brân. Sintraal stiet it ferhaal fan de heit en mem fan it slachtoffer, Theo en Ymkje Otte, en de seis manlju fan de brânwachtkazerne Post Noord yn de Ljouwerter wyk Bilgaard.
    Op de jûn en nacht fan de grutte brân stie de tiid efkes stil foar de minsken dy’t der it tichtste by belutsen wiene. De brânwachtlju besochten om ‘e nocht in minsk te rêden en de âlden rekken harren soan kwyt. Yn dizze Fryslân DOK komme de persoanlike ferhalen efter de grutte brân op de Kelders yn Ljouwert wiidweidich oan ‘e oarder.

    Fryslân DOK: Under Fjoer, brân op de Kelders Ljouwert
    Snein 12 oktober om 17:00 oere en dêrnei fan 18:10 oere ôf alle oeren op Omrop Fryslân Televyzje. Ek te sjen op sneon 11 oktober om 10:25 oere en snein 12 oktober om 15:30 oere op NPO 2.

    Noat foar de redaksje:
    Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei de ôfdieling Marketing & Kommunikaasje fan Omrop Fryslân: tel. 058 299 7876 / 06 14 23 98 34.

    Diel dit berjocht op:
    (advertinsje)