Fryslân DOK - Twaspjalt

24 des 2014 - 08:42

Fryslân DOK op snein 4 jannewaris 2015

Al 18 jier lang sjogge de buorlju Siebren Visser en Lilly van Basten Batenburg Berger út op de wynmûne fan harren buorman. Dy 40 meter hege mûne stiet op in pear hûndert meter fan harren wenningen. Tsien jier lyn is de mûne opskaald. Yn Fryslân DOK fertelle Visser en Berger oer de oerlêst dy’t se sûnt dy tiid ûnderfine.

In eardere rjochtsaak dêroer hawwe se ferlern. En no komt it âldsear wer boppe, want de buorman hat twa fergunningsoanfragen dien. Ien foar it wynpark Sieswerd mei 14 megawynmûnes, op 500 meter ôfstân. En de oare om de besteande mûne te ferfangen troch in swierder eksimplaar.

Fryslân DOK leit de gefoelens rûnom dizze twaspjalt fêst. De buorlju fiele harren tekoart dien, troch harren buorman, mar ek troch de gemeente Súdwest-Fryslân. De buorman stiet neffens de wet yn syn rjocht.

Fryslân DOK: Twaspjalt
Snein 4 jannewaris om 17:00 oere en dêrnei fan 18:10 oere alle oeren op Omrop Fryslân Televyzje. Ek te sjen op sneon 3 jannewaris om 15:35 oere en op snein 4 jannewaris om 12:20 oere op NPO 2.

Noat foar de redaksje:
Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei de ôfdieling Marketing & Kommunikaasje fan Omrop Fryslân: tel. 058 299 7876.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)