Fryslân DOK - Skûtsjesilen: tradysje of topsport?

18 jun 2014 - 22:00

Fryslân DOK op snein 29 juny

It is ien fan de meast tradisjonele sporten dy’t Nederlân ken: it skûtsjesilen. In sylrace tusken âlde frachtskippen dy’t al sûnt 1945 hâlden wurdt op de Fryske marren.

Mar it skûtsjesilen is gjin museumsport en wurdt de lêste jierren hieltyd profesjoneler. Skipper en bemanning begjinne bygelyks al yn it betide foarjier mei de training. Dêrby wurde ek hieltyd mear moderne helpmiddels lykas GPS brûkt. Guon skippers helje sels trainers fan bûten it skûtsjesilen om harren team better te meitsjen.

Prestearje wurdt hieltyd wichtiger by it skûtsjesilen. En net sûnder gefolgen. Skippers krije gauwer dien as de resultaten ôffalle. Sa hat it skûtsje fan Langwar yn koarte tiid meardere skippers fersliten. In topsportmentaliteit dy’t jo eins net ferwachtsje soenen by sa’n tradisjonele sport. Guon sjogge it sels as in bedriging fan it skûtsjesilen.

Fryslân DOK: Skûtsjesilen: tradysje of topsport?
Snein 29 juny om 17:00 oere en dêrnei fan 18:10 oere ôf alle oeren op Omrop Fryslân Televyzje. Ek te sjen op sneon 28 juny om 10:25 oere en snein 29 juny om 15:30 oere op Nederlân 2.

Noat foar de redaksje:
Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei de ôfdieling Marketing & Kommunikaasje: tel. 058 299 7876 / 06 14 23 98 34.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)