Fryslân DOK-searje 'De berchrede fan it flakke lân'

21 des 2020 - 13:50

Yn de maitiid fan 2020 ferlamme de coronakrisis de maatskippij foar in grut part. Mar dy opleine stilte joech ek romte om nei te tinken oer de takomst. Hoe sil de wrâld derút sjen nei de krisis? Wat wolle wy weromfine, wat moat oars en better? Fryslân DOK frege acht tinkers in essay te skriuwen mei harren ideeën foar it post-coronatiidrek.

Programmamakker Bart Kingma gong mei harren yn petear. Mei-inoar foarmje dy ferhalen 'De berchrede fan it flakke lân'. Elk skriuwt syn part en wiist yn in rjochting dy't wy ynslaan kinne, as wy dat wolle. Under it motto 'It lân fan moarn freget de moed fan hjoed' makke Fryslân DOK fjouwer ôfleveringen mei alle kearen twa skriuwers. Oan it wurd komme: boargemaster Ineke van Gent fan Skiermûntseach, kultureel ûndernimmer Oeds Westerhof, biolooch Theunis Piersma, terapeute Greet Andringa, sjongeres Nynke Laverman, sivyl yngenieur Govert Geldof, filosoof Jabik Veenbaas en politika Anja Haga.

'De berchrede fan it flakke lân' is útstjoerd yn de simmer fan 2020. Fan 26 desimber 2020 oant en mei 16 jannewaris 2021 wurdt de searje werhelle: alle sneonen om 15.30 oere by NPO2 (Nederlânsk ûndertitele) en alle sneinen by Omrop Fryslân fan 17.00 oere ôf.

26 en 27 desimber diel 1: Ineke van Gent en Oeds Westerhof
2 en 3 jannewaris diel 2: Theunis Piersma en Greet Andringa
9 en 10 jannewaris diel 3: Nynke Laverman en Govert Geldof
16 en 17 jannewaris diel 4: Jabik Veenbaas en Anja Haga

Noat foar de redaksje
Boarnefermelding ôfbyldingen: Omrop Fryslân

Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei de ôfdieling Marketing & Kommunikaasje fan Omrop Fryslân: 06 - 14 23 98 34.

(Advertinsje)