Fryslân DOK presintearret ‘De berchrede fan it flakke lân’

12 maaie 2020 - 11:00

Hoe tinke wy dat de maatskippij der nei de coronakrisis hinne leit, mar foaral: hoe wólle wy dat dy der aansten útsjocht? Yn de nije searje 'De berchrede fan it flakke lân' jout Fryslân DOK it wurd oan tinkers, dy't in perspektyf formulearje.

De coronakrisis hat ús maatskippij ferlamme. Mar dy opleine stilte jout ek romte om nei te tinken oer de takomst. Hokker ynsichten komme nei boppen? Wy moatte foarút, dus wat wolle we meinimme nei de nije tiid? Wat wolle wy weromfine, wat moat oars en better? Mei de searje 'De berchrede fan it flakke lân' pakt Fryslân DOK in aventoerlike foarm om antwurden op dy fragen te sykjen.

Boargemaster Ineke van Gent fan Skiermûntseach, kultureel ûndernimmer Oeds Westerhof, biolooch Theunis Piersma en PRI-therapeut Greet Andringa binne de earste skriuwers oan 'de berchrede'. Yn in essay oarderje sy harren gedachten oer de takomst. Elk skriuwt syn eigen part en wiist ús in rjochting dy't wy mei ús allen ynslaan kinne, as wy dat wolle. De titel 'Berchrede' is ynspirearre op de profeet dy't in folk yn noed taspruts om it in nij perspektyf foar te hâlden, en de minsken tagelyk oanspruts op harren eigen gedrach en ferantwurdlikens dêr yn.

Yn diel ien fan 'De berchrede fan it flakke lân' komme Ineke van Gent en Oeds Westerhof oan it wurd. In wike letter, yn diel twa, litte Greet Andringa en Theunis Piersma de gedachten en idealen dwale oer ús flakke lân. Op filmyske wize besiket Fryslân DOK dy fisy's te fangen en te ferbyldzjen, ûnder it motto: 'It lân fan moarn freget de moed fan hjoed'.

Fryslân DOK: 'De berchrede fan it flakke lân'

Diel 1, Ineke van Gent en Oeds Westerhof:
Sneon 16 maaie, 15.30 oere, NPO2 (mei Nederlânske ûndertiteling, werhelling 17 maaie 13.10 oere)
Snein 17 maaie, 17.00 oere, Omrop Fryslân (werhelling alle oeren)

Diel 2, Greet Andringa en Theunis Piersma:
Sneon 23 maaie, 15.30 oere, NPO2 (mei Nederlânske ûndertiteling, werhelling 24 maaie, 13.10 oere)
Snein 24 maaie, 17.00 oere, Omrop Fryslân (werhelling alle oeren)

By 'De berchrede fan it flakke lân' bringt Fryslân DOK ek in podcast-searje út, dy't te downloaden is fia Spotify en de bekende podcastkanalen. De tekst fan de essays wurdt publisearre op de webside fan it tydskrift De Moanne. Mear ynformaasje op www.omropfryslan.nl/fryslandok

(advertinsje)