Fryslân DOK 'Op transport nei it Noarden’

27 okt 2020 - 08:21

Yn de lêste moannen fan de oarloch moast Fryslân ynienen tweintichtûzen Limboarchske flechtlingen herbergje. De Dútsers hiene besletten harren yn Roermond te ferskânzjen en de ynwenners waarden op 'e trein set. Yn de Fryslân DOK 'Op transport nei it Noarden' fertelt dokumintêremakker Gerard van der Veer harren ferhaal.

Yn jannewaris 1945 wiene de gefjochten tusken Dútske troepen en de Alliearden by de Maas yn Midden-Limboarch sa heftich wurden, dat de besetter besleat om him te ferskânzjen yn Roermond. Der kaam in grutskalige twongen evakuaasje op gong. Mear as tritichtûzen minsken út Roermond en de omlizzende doarpen waarden op transport set nei it noarden fan it lân. Sechstjin treintransporten yn fjouwer wike tiid, ûnder erbarmlike omstannichheden. De treinen makken lange omwegen troch Dútslân en waarden dan besketten troch Alliearde fleantugen. Op 7 febrewaris 1945 kamen 19 ynsitters om it libben en rekken 35 swier ferwûne.

Sa'n tweintichtûzen evakuees kamen yn Fryslân telâne, de oaren yn Grinslân en Drinte. It hûsfesten fan sa'n soad flechtlingen die in grut berop op de Fryske befolking. Wa't wegere om de tawiisde evakuees op te nimmen, rûn it risiko út hûs set te wurden. Ljouwert die tsjinst as trochgongsstêd, dêr't de evakuaasjetsjinst soarge foar de earste opfang en ûntsmetting fan de Limboarchske evakuees.

It ferskil yn taal, godstsjinst en iten tusken de Friezen en de Limboargers soarge ek foar wriuwing, mar dochs oerhearske in gefoel fan ienriedigens. De evakuees krigen yn in soad doarpen in plak om de mis te hâlden. Nei de befrijing kamen de ferhâldingen mear ûnder druk te stean. De Limboargers woene gau werom nei hûs, mar troch de gaos en in tekoart oan reismooglikheden moasten guon langer bliuwe.

Fryslân DOK: 'Op transport nei it Noarden'
Snein 31 oktober, 15.30 oere, NPO2 (Nederlânsk ûndertitele, werhelling 1 novimber 13.10 oere).
Snein 1 novimber, 17.00 oere, Omrop Fryslân (werhelling alle oeren).

(Advertinsje)