Fryslân DOK - Op de planken: 25 jier De Kast

17 nov 2015 - 11:44

Fryslân DOK op snein 29 novimber

‘Op de planken – 25 jier De Kast’ giet oer de populêrste Fryske band fan alle tiden. Programmamakker Murk-Jaep van der Schaaf folget De Kast by de jubileumtoer en sketst in byld fan hoe’t it de band fergien is. In dokumintêre oer de fearkrêft fan fiif manlju dy’t nei 25 jier lok en leed noch hieltyd mei-inoar op de planken steane en harren muzyk fiere.

De Kast hie grutte suksessen yn de jierren ’90, mar hâlde yn 2002 nei trettjin jier op te bestean. Dêrnei begûn de grutte syktocht nei de muzyk en nei inoar. No, in fearnsieu letter, fiert De Kast syn jierdei mei in nij jubileumalbum en in teatertoer.

Njonken de nije muzyk fan it nije album ‘Op de planken’ en bylden fan de hjoeddeistige teatertoer komme ek de persoanlike ferhalen fan de bandleden oan bod. Want hoe is it de manlju nei it grutte sukses fergien? En hoe fûnen sy it paad nei inoar wer werom?

Nico Outhuijse, Sytse Broersma, Kees Bode, Peter van der Ploeg en frontman Syb van der Ploeg fertelle yn de dokumintêre iepenhertich oer hoe’t De Kast harren libbens foarme en tekene hat. In dokumintêre oer de fearkrêft fan fiif manlju dy’t mei-inoar Fryske en lanlike popskiednis skreaun hawwe.

Fryslân DOK: Op de planken – 25 jier De Kast
Snein 29 novimber om 17.00 oere en dêrnei fan 18.10 oere ôf alle oeren op Omrop Fryslân Televyzje. Ek te sjen op sneon 28 novimber om 15.35 oere en snein 29 novimber om 12.25 oere op NPO 2.

Noat foar de redaksje:
Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei de ôfdieling Marketing & Kommunikaasje fan Omrop Fryslân: tel. 058 299 7876.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)