Fryslân DOK - In nij thús

08 mrt 2016 - 15:11

Noch nea wie de flechtlingeproblematyk sa grut as hjoed-de-dei. Mar ek yn de jierren njoggentich socht in grut tal flechtlingen in feilich bestean yn ús lân. Yn dy tiid waard der in asylsikerssintrum yn Sint Anne iepene. Troch de jierren hinne biedt it doarp ûnderdak oan in soad asylsikers.

Mar hoe giet it no mei âld-asylsikers dy’t destiids in ferbliuwsfergunning krigen hawwe en al in tiid yn Sint Anne in nij thús opbouwe? Wêr rinne sy op dit stuit tsjinoan? Hawwe se harren plak yn de Fryske mienskip fûn en op hokker wize binne sy belutsen by de hjoeddeistige flechtlingestream?

Yn dizze Fryslân DOK komme de ferhalen fan trije âld-asylsikers út Sint Anne oan bod. Sa folgje wy de 27-jierrige Syryske Ozjan yn har eigen winkel. We moetsje de Somalyske Ahmed by syn frijwilligerswurk yn it âldereintehûs en we sjogge mei mei de út Afganistan ôfkomstige Farid, dy’t flechtlingen begeliedt yn de lokale kringloopwinkel.

Fryslân DOK: In nij thús
Snein 20 maart fan 17.00 oere ôf alle oeren op Omrop Fryslân Telefyzje. Ek te sjen op sneon 19 maart om 15.25 oere en snein 20 maart om 12.55 oere op NPO 2.

Noat foar de redaksje:
Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei de ôfdieling Marketing & Kommunikaasje fan Omrop Fryslân: tel. 058 299 7876.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)