Fryslân DOK - Nei 20 jier op in twasprong

24 jul 2014 - 12:37

Fryslân DOK op snein 3 augustus

De regionale televyzjepoat fan Omrop Fryslân waard 20 jier ferlyn oprjochte. It is noch altyd ien fan de populêrste regionale televyzjestjoerders fan Nederlân. Mar yn in hurd feroarjende mediawrâld is dy posysje net langer fanselssprekkend. Troch besunigings steane de budzjetten ûnder druk. Ek de reklame-ynkomsten rinne werom.

Freelance dokumintêremakker Gerard van der Veer makke de begjintiid fan de regionale televyzje mei as presintator en einredakteur. Yn de Fryslân DOK ‘Nei 20 jier op in twasprong’ makket hy in ‘sentimental journey’ troch de skiednis fan de regionale televyzje, mar hy sjocht ek nei de kânsen en bedrigings yn de takomst.

Fryslân DOK: Nei 20 jier op in twasprong
Snein 3 augustus om 17:00 oere en dêrnei fan 18:10 oere ôf alle oeren op Omrop Fryslân Televyzje. Ek te sjen op sneon 2 augustus om 10:30 oere en snein 3 augustus om 15:30 oere op Nederlân 2.

Dizze dokumintêre is earder útstjoerd op snein 9 febrewaris 2014.

Noat foar de redaksje:
Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei de ôfdieling Marketing & Kommunikaasje fan Omrop Fryslân: tel. 058 299 7876 / 06 14 23 98 34.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)