Fryslân DOK - Manlju en froulju fan Stiel

01 aug 2014 - 13:07

Fryslân DOK op snein 10 augustus

Metaalarbeiders en oare personielsleden fan Prins Dokkum krigen yn febrewaris 2013 te hearren dat de produksje fan it bedriuw tichtgean soe. Sy wiene ferbjustere oer de redenen fan dy sluting en oer it ûntbrekken fan in tarikkend sosjaal plan. Der folge in opfallende rige aksjes en stakingen dy't lanlik de oandacht luts, mei troch de ynset fan de froulju fan de wurknimmers. It dossier Prins Dokkum, yn Fryslân DOK.

Prins Dokkum, bekend as “it fangrailfabryk”, is ûnderdiel fan it Noarske konsern Saferoad dat ûndernimmings hat yn 21 lannen. De masines fan Prins waarden ferline jier yn de rin fan it jier nei in dochterûndernimming fan Saferoad yn Poalen transportearre. De ûndernimmingskeamer fan de rjochtbank stelde in ûndersyk yn nei de gong fan saken.

Mar yn febrewaris 2014, in jier neidat de aksjes en stakingen begûnen, dy bliken dat de wurknimmers wurch striden wiene. Noch altyd lilk oer de wize wêrop’t sy behannele wienen, stimde de mearderheid úteinlik foar it oannimmen fan in ûntslachfergoeding fan harren eks-wurkjouwer. Sy gienen dêrby akkoart mei de betingst fan de direksje, dat it ûndersyk fan de ûndernimmingskeamer en alle oare prosedueres stillein waarden. In lytse minderheid bleau ûntgûchele efter.

De dokumintêre is in klassyk ferhaal oer de striid fan de lytse man en frou tsjin de macht fan grutte konserns.

Fryslân DOK: Manlju en froulju fan Stiel
Snein 10 augustus om 17:00 oere en dêrnei fan 18:10 oere ôf alle oeren op Omrop Fryslân Televyzje. Ek te sjen op sneon 9 augustus om 10:30 oere en snein 10 augustus om 15:30 oere op Nederlân 2.

Dizze dokumintêre is earder útstjoerd op snein 16 febrewaris 2014.

Noat foar de redaksje:
Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei de ôfdieling Marketing & Kommunikaasje fan Omrop Fryslân: tel. 058 299 7876 / 06 14 23 98 34.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)