Fryslân DOK ‘Langstme yn mineur’

08 feb 2021 - 16:25

Hast in jier lyn wie de earste coronabesmetting yn Nederlân en even dêrnei de earste lockdown, mei ek foar de kultuersektor dramatyske gefolgen. It lytse teäter De Koornbeurs yn Frjentsjer foarmet it dekôr foar de Fryslân DOK 'Langstme yn mineur', mei pianist Peter van der Zwaag yn de haadrol. De orkestlieder fan bekende artysten as Willeke Alberti sit no al hast in jier wurkleas thús. 'Langstme yn mineur' is te sjen op 13 febrewaris by NPO2 en op 14 febrewaris by Omrop Fryslân.

Yn maart 2020 gie it lân op slot en hast in jier letter is de lockdown noch net foarby. De coronamaatregels betsjutte in ekonomyske slach foar de kwetsbere kulturele sektor. Foaral yn de teäterwrâld is de poadiumstilte fielber, foar artysten én publyk.

Grut gemis
Pianist Peter van der Zwaag is al fjirtich jier de fêste orkestlieder fan bekende nasjonale artysten as Willeke Alberti, Jenny Arean en yn it ferline Robert Long en Liesbeth List. No't hy net mear foar publyk spylje mei, fielt it foar Van der Zwaag of hat er 'in sintúch ferlern'.

Hoop op bettere tiden
Direkteur Titia Huisman fan teäter de Koornbeurs yn Frjentsjer betocht de foarstelling 'Het Verlangen', dêr't artysten en publyk mei elkoar oparbeidzje yn de hoop op bettere tiden. Ek Merlijn Twaalfhoven, skriuwer fan it boek 'Het is aan ons', hâldt hoop. Neffens him kinne keunstners meihelpe de grutte problemen yn de maatskippij op te lossen.

Fryslân DOK: 'Langstme yn mineur'
Sneon 13 febrewaris, 15.30 oere, NPO2 (Nederlânsk ûndertitele, werhelling 14 febrewaris 13.10)
Snein 14 febrewaris, 17.00 oere, Omrop Fryslân (werhelling alle oeren)
 

(Advertinsje)