Fryslân DOK - Kulturele haadstêd

23 jun 2015 - 15:00

Fryslân DOK op snein 5 july

Ljouwert is hast twa jier lyn útroppen ta kulturele haadstêd fan Europa yn 2018. Ek al liket dat noch fier fuort, in groep minsken yn de Ljouwerter Blokhúspoarte is der al drok mei dwaande. Fryslân DOK folget wat der op de kantoaren fan Leeuwarden-Fryslân 2018 allegear bart.

Direkteur marketing Hanita van der Schaaf siket ferbining mei de rest fan Europa. Fierder komme yn dizze Fryslân DOK algemien direkteur Ton van Dijk, programmamakkers, produsinten en kertiermasters fan de ferskate projekten oan it wurd.

Team 2018 is ferantwurdlik foar de útfiering en bringt hieltyd mear nei bûten, lykas in hûs-oan-hûsblêd, in nije webside en in nij logo fan Ljouwert kulturele haadstêd 2018. It motto is 'mienskip' mei as doel de kulturele haadstêd presintearje oan harren har mienskip en it freegjen om bydragen en gearwurking fan dyselde mienskip.

Fryslân DOK: Kulturele haadstêd
Snein 5 july om 17.00 oere en dêrnei fan 18.10 oere ôf alle oeren op Omrop Fryslân Televyzje. Ek te sjen op sneon 4 july om 15.35 oere en op snein 5 july om 12.25 oere op NPO 2.
Dizze dokumintêre is earder útstjoerd op snein 25 jannewaris 2015.
___________________________________________________________________
Noat foar de redaksje:
Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei de ôfdieling Marketing & Kommunikaasje fan Omrop Fryslân: tel. 058 299 7876.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)