Fryslân DOK - Kening fan ‘e greide

18 aug 2015 - 12:45

Fryslân DOK op snein 30 augustus

De kening fan de greide is de skries. De trekfûgel dy’t yn Fryslân briedt, mar troch de grutskalige en yntinsive lânbou hieltyd mear it fjild romje moat. Dêrom is de skries ek it symboal fan ien fan de meast ambisjeuze programma’s fan Kulturele Haadstêd 2018: Kening fan ‘e greide. It projekt moat derfoar soargje dat it greidelânskip syn ferskaat behâldt.

It ferlies fan it biokulturele ferskaat is in Europeesk probleem. Komponist Sytze Pruiksma en biolooch Theunis Piersma reizgje dêrom by de trekrûte fan de skries del. De inisjatyfnimmers fan it projekt binne benaud dat troch de ferearming fan it lânskip ek de kultuer en de taal earmer wurde en sykje dêrom meistanners yn Spanje, Portugal en Frankryk. It doel is de boeren dêr en dy yn Fryslân te stimulearjen om natuerfreonliker te buorkjen.

Fryslân DOK: Kening fan ‘e greide
Snein 30 augustus om 17.00 oere en dêrnei fan 18.10 oere ôf alle oeren op Omrop Fryslân Televyzje. Ek te sjen op sneon 29 augustus om 15.30 oere en snein 30 augustus om 12.25 oere op NPO 2.

Dizze dokumintêre is earder útstjoerd op snein 22 maart 2015.

Noat foar de redaksje:
Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei de ôfdieling Marketing & Kommunikaasje fan Omrop Fryslân: tel. 058 299 7876 / 06 14 23 98 34.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)