Fryslân DOK: Ivgi&Greben 'Nice to meet you'

04 okt 2021 - 08:20

Nice to meet you! is de foarstelling fan Ivgi&Greben, it earste ynternasjonale profesjonele dûnsselskip yn ús provinsje. FryslânDOK folget de goreografen en de dûnsers ûnderweis nei harren premjêre. Te sjen op 9 oktober by NPO2 en op 10 oktober by Omrop Fryslân.

It is de twadde FryslânDOK fan Annet Huisman oer it ynternasjonaal ferneamde goreografeduo Ivgi&Greben. Yn diel ien 'Wachtsje yn beweging' (desimber 2020) kamen wy yn 'e kunde mei Johan Greben en Uri Ivgi en harren ambysjes, doe't sy yn Fryslân de kâns krigen in eigen dûnsselskip op te rjochtsjen.
Wy seagen harren wrakseling mei de coronasitewaasje, dy't in enoarme impact hie op harren bestean as keunstner en dûnser. Yn dit twadde part 'Nice to meet you' folget Huisman de opbou fan it selskip fan de audysjes ôf, dy't mei fertraging dan dochs einlings organisearre wurde koene.

Schwung
Corona behearsket noch hieltyd de kulturele wrâld. Mar de acht dûnsers (seis fêste en twa stazjêrs) dêr't de nagelnije groep út gearstald is, kenne dy fysike barriêre net. Dat is in ferromming om te sjen. De foarstelling Nice to meet you! is in yntinse moeting mei elkoar en mei it nije publyk.
Johan Greben en Uri Ivgi stelle fêst dat it goreografysk proses noch noait mei safolle schwung trochrûn is. De dûnsers sprekke de taal fan Ivgi&Greben, mar heakje dêr harren eigen idioom en persoanlikheid oan ta. We komme neier yn 'e kunde mei twa dûnsers út it ensemble: Manon Adrianow, dy't opgroeide yn Snits en Christian Leveque út Frankryk.

FryslânDOK Ivgi&Greben - 'Nice to meet you'
Sneon 9 oktober NPO2 15.30 oere (werhelling 10 oktober 13.10 oere)
Snein 10 oktober Omrop Fryslân 17.00 oere (werhelling alle oeren)
FryslânDOK wurdt Nederlânsk ûndertitele

(Advertinsje)