Fryslân DOK - It seaddehûs...de rekonstruksje

22 aug 2014 - 15:06

Fryslân DOK oer de fassinaasje fan archeolooch Daniël Postma

Hoe seagen yn de betide midsieuwen de hûzen yn it terpegebiet fan Fryslân derút?
Hoe wennen de minsken doe? It is de fassinaasje fan archeolooch Daniël Postma. As studint ferdjippe er him yn de bou fan saneamde seaddehûzen, terpewenten mei muorren en dakken fan klaai en gers. Omrop Fryslân folge Postma op syn syktocht nei ynformaasje, dy’t him oant djip yn de oerlânskippen fan IIslân en Skotlân brocht. Tagelyk is yn de twadielige dokumintêre fan programmamakker Piter Tjeerdsma te sjen hoe't yn Furdgum stapke foar stapke de rekonstruksje fan in seaddehûs foarm kriget.

It idee om by Furdgum in seaddehûs nei te bouwen ûntstie doe’t dêr by opgravings by de terp spoaren fan seaddehûzen fûn waarden. Daniël Postma makke der syn ôfstudearprojekt fan foar de Ryksuniversiteit fan Grins. Oerheden en bedriuwen stipen it projekt en frijwilligers en it pleatslike Yeb Hettinga Museum holpen om it seaddehûs letterlik fan de grûn te krijen. In hast ûnmooglike missy om't der net in soad bekend is oer dizze oerwenten.

Diel 1
Yn diel 1 omtinken foar de opgravings by Furdgum, de start fan de bou en de reis nei IIslân.
Hjir waard oant 1950 noch wenne yn seaddehûzen en der binne noch in soad oerbliuwsels. Net allinnich buorkerijen en wenten, mar ek oare gebouwen lykas tsjerken fan seadden binne bewarre bleaun. Yn in museum, yn in âlde boerepleats fan seadden, wurde kursussen seaddebou jûn. Dêr wurdt Daniël Postma de earste diplomearre Nederlânske seaddebouwer. Yn Reykjavik binne der opgravings fan seaddehûzen fan 1200 jier âld, út deselde tiid as it hûs fan Furdgum. Yn Reykjavik is ek in museum dat ûnder in hotel boud is om wichtige opgravings út de midsieuwen te beskermjen.

Diel 2
Yn diel 2 reizget Postma nei Skotlân. Hjir binne benammen âlde dakkonstruksjes bewarre bleaun. Om't der yn it Fryske terpegebiet yn de betide midsieuwen amper hout beskikber wie, waarden soms hiele tûke konstruksjes betocht fan stikjes oanspield wrakhout en miskien sels wol fan walfiskbonke. Op de Hybriden ûndersiket Postma ek noch de dakken fan in âlde mûne en in oarspronklik seaddehûs dat no in museum is. Yntusken wrotte de frijwilligers yn Furdgum yn waar en wyn troch om de earste rekonstruksje fan in seaddehûs op it Europeeske fêstelân klear te krijen.

Yn de simmer fan 2013 waard it seaddehûs iepene, mar troch grutte reinfal stoarte it yn novimber 2013 foar in part yn. Yn july 2014 waard it ôfbrutsen. Op basis fan it eardere ûndersyk en nije ynsichten wurdt op it stuit in nij seaddehûs boud, no neffens de Skotske metoade.

Fryslân DOK: It seaddehûs...de rekonstruksje
Diel 1: Snein 31 augustus om 17:00 oere en dêrnei fan 18:10 oere ôf alle oeren op Omrop Fryslân Televyzje. Ek te sjen op sneon 30 augustus om 10:30 en snein 31 augustus om 15:30 oere op NPO 2.

Diel 2: Snein 7 septimber om 17:00 oere en dêrnei fan 18:10 oere ôf alle oeren op Omrop Fryslân Televyzje. Ek te sjen op sneon 6 septimber om 10:30 en snein 7 septimber om 15:30 oere op NPO 2.

Dizze dokumintêre is earder útstjoerd op snein 13 en snein 20 oktober 2013.

Noat foar de redaksje:
Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei de ôfdieling Marketing & Kommunikaasje fan Omrop Fryslân: tel. 058 299 7876.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)