Fryslân DOK: It ferhaal fan de 210 Joadske smokkelbern yn Fryslân

12 apr 2021 - 13:57

Yn de lêste jierren fan de Twadde Wrâldoarloch binne hûnderten Joadske bern yn it geheim nei Fryslân smokkele. By Fryske famyljes fûnen sy in feilich ûnderkommen en oerlibben se de oarloch. De fiifdielige Fryslân DOK-searje 'Smokkelbern' fertelt de ferhalen fan dy Joadske bern. De ûnderdûkperioade blykt allesbepalend foar harren fierdere libben. 'Smokkelbern' is fan 17 april ôf te sjen by Omrop Fryslân en op NPO2.

Neist de Fryslân DOK-searje bringt Omrop Fryslân op 25 april om 17.00 oere yn in live telefyzje-útstjoering Joadske ûnderdûkbern fan oer de hiele wrâld byinoar.

Ferdjipping, ferriking en mear persoanlike ferhalen binne te beharkjen yn de podcast 'Smokkelbern'.

Studintefersetsgroep
De Hollandsche Schouwburg yn Amsterdam waard brûkt as sammelplak foar de Joaden dy't fan dêrwei nei Westerbork deportearre waarden, en fan dêr út nei konsintraasjekampen. Lytse bern waarden ûnderbrocht yn de kresj oan de oare kant fan de strjitte. In groep jonge studinten slagge deryn de bern fuort te smokkeljen nei ûnderdûkadressen op it Limboarchske en Fryske plattelân. Op dy wize waarden ûngefear 600 bern rêden. Yn lytse doarpkes op it Fryske plattelân hiene de bern in feilich ûnderkommen.

Trauma
Nei de befrijing folge in ûnwisse takomst foar de Joadske bern. As de âlden de oarloch net oerlibbe hiene, moast der foar de bern in nij plak fûn socht wurde. Yn in soad gefallen besleat de Rijkscommissie voor Oorlogspleegkinderen (OPK) dat de bern better by famylje of in oar (heal)-Joadsk gesin opgroeie koe, mar somtiden ek mochten se by it pleechgesin bliuwe. It oarlochstrauma kaam by de bern soms pas nei tsientallen jierren nei boppen. Dan die bliken dat dy ûnderdûkperioade allesbepalend west hie foar de rest fan harren libben.

Smokkelbern diel 1 'Teesurrogaat'
Sneon 17 april, 15.05 oere, NPO2 (werhelling 18 april 13.10)
Snein 18 april, 17.00 oere, Omrop Fryslân (werhelling alle oeren).

Fryslân DOK wurdt Nederlânsk ûndertitele.

De earste Fryslân DOK 'Smokkelbern' is op 17 en 18 april te sjen, de oare dielen folgje de kommende fjouwer wiken op sneon en snein. Smokkelbern, de podcast is te finen by Omropfryslan.nl/smokkelbern en fia Spotify, Google en iTunes op de smartphone.

Alle ferhalen wurde makke yn it ramt fan it projekt De Terugkeer van de Joodse Kinderen.

(Advertinsje)