Fryslân DOK: ‘It doarp fan de takomst’

15 mrt 2021 - 16:42

Diel 5 fan de searje 'Beklimmers fan it flakke lân'

In protte minsken wolle neat leaver as yn in doarp wenje. Hoe kinst dy tûzenen doarpen op it plattelân de bêste takomst jaan? Diel 5 fan de searje 'Beklimmers fan it flakke lân' wurdt útstjoerd op sneon 20 maart by NPO2 en op snein 21 maart by Omrop Fryslân.

Yn de searje 'Beklimmers fan it flakke lân' siket Fryslân DOK minsken op dy't in nij ferhaal skriuwe foar de takomst fan it plattelân. It giet om inisjativen op lokaal, lytsskalich nivo, mar wol op basis fan grutte ideeën en idealen. Nei eardere ôfleveringen oer lânskip, natuer, lânbou en sûnens, giet it yn ôflevering 5 oer 'it doarp fan de takomst'.

De krêft fan it doarp
Ryksboumaster Floris Alkemade is derfan oertsjûge dat it plattelân in wichtige rol spilet yn fernijing, by krúsjale tema's as enerzjy, lânbou, ynfrastruktuer en it ynrjochtsjen fan de iepenbiere romte. Alkemade leaut yn de krêft fan doarpen. Hy neamt se ideale leefmienskippen, dêr't minsken yn lytse ferbannen elkoar stypje en rekken hâlde mei inoars belangen.

Feanwâlden en it doarp fan de takomst
In doarp dat hurd oan 'e gong is mei fersterking en fernijing is Feanwâlden. Troch de oanlis fan de nije 'Sintrale As' waard de dyk dy't dwers troch it doarp rint oerstallich. Op it frijkommen terrein komt gjin oare dyk en ek gjin huzen, mar in park-eftich transfearium, dêr't reizgje, rekreëarje en flekswurkje mei elkoar ferbûn wurde.
Feanwâlden wurket dêrby gear mei arsjitekteburo Karres en Brands, dat yn Denemarken mei-ûntwerper is fan 'it doarp fan de takomst': in hiel nij boud doarp dat foldocht oan alle moderne ynsichten fan kwaliteit fan libjen yn in doarp.

Inisjatyfkunde
Mar gean as doarp foaral net sitten te wachtsjen op in grut plan fan bûten of in leuk inisjatyf fan in ambisjeuze wethâlder; doch it séls. Dat seit Jaap Koen Bijma, propagator fan it begryp 'inisjatyfkunde'. Bijma helpt doarpen om sels inisjativen te nimmen en derfoar te soargjen dat se ek útfierd wurde kinne.

Fryslân DOK Beklimmers fan it flakke lân - diel 5 'It doarp fan de takomst'
Sneon 20 maart, 15.30 oere, NPO2 (werhelling 21 maart 13.10 oere)
Snein 21 maart,17.00 oere, Omrop Fryslân (werhelling alle oeren)

Fryslân DOK wurdt Nederlânsk ûndertitele.

(Advertinsje)