Fryslan DOK - Iqbal Aslam

04 jul 2014 - 13:43

Fryslân DOK op snein 13 july

Iqbal Aslam is sosjaal wurker yn de Frijheidswyk yn Ljouwert. Hy makket diel út fan it wykteam Noard fan de stifting Welzijn Centraal. Yn syn wurk stipet Iqbal in grut ferskaat oan yndividuen en groepen. Hy mobilisearre multykultureel Ljouwert by it oanbieden fan it bidbook Kulturele Haadstêd 2018 yn Amsterdam. Yn Fryslân DOK in portret fan in bysûndere sosjaal wurker.

Syn eftergrûn as Pakistaanske jonge dy’t opgroeide yn it hurde Glasgow fan de jierren ‘70 en ’80, hat Iqbal foarme. Sa waard syn heit “unemployable” ferklearre, nei't er him ferdigene hie tsjin in groep blanke jonges dy't him oanfoelen by syn wurk by British Rail. Iqbal wurdt yn de Skotske haadstêd polityk aktyf yn it ferset tsjin rasisme en is belutsen by de organisaasje fan de oerweldigjende grutte demonstraasjes tsjin de Poll Tax fan Margaret Thatcher.
By syn komst yn Nederlân ûnderfynt er dat rasisme hjir ek oanwêzich is, mar ynearsten minder útsprutsen. Dochs bliuwt Iqbal posityf en optimistysk oer wat hy berikke kin en wol yn de wrâld.

Fryslân DOK: Iqbal Aslam
Snein 13 july om 17:00 oere en dêrnei fan 18:10 oere ôf alle oeren op Omrop Fryslân Televyzje.
Sneon 12 july om 10:30 oere op Nederlân 2. Nochris te sjen op snein 13 july om 15:30 oere op Nederlân 2.

Dizze dokumintêre is earder útstjoerd op snein 5 jannewaris 2014.

Noat foar de redaksje:
Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei de ôfdieling Marketing & Kommunikaasje fan Omrop Fryslân: tel. 058 299 7876 / 06 14 23 98 34.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)