Fryslân DOK 'Hert & Siel' as film en searje by Omrop Fryslân

20 nov 2019 - 14:16

Mei it balseme hert fan in Frysk hynder soe it keunstwurk fan Éric van Hove 'siel' krije. It Fries Museum woe it net, en de glêzen pot yn it hert fan it keunstwurk bleau leech. De Fryslân DOK 'Hert & Siel' krige troch de affêre in ekstra lading. Omrop Fryslân stjoert de film yn trije dielen út.

De searje 'Hert & Siel' folget de bou fan 'de Fryske motor'. Dat keunstwurk, de replika fan in maishakselder, stiet sûnt oktober 2019 yn it Fries Museum. Keunstner Éric van Hove wol mei dit wurk de wearde fan it ambacht toane. Ambachtslju hawwe alle ûnderdielen op 'e nij makke, yn harren eigen fakgebiet, fan porslein, glês, koper en beskildere hout.

De ambachtsman makket produkten mei hert en siel, mei each foar syn materiaal, foar de oarsprong fan syn fak. It giet om ferbiningen mei de histoarje en de omjouwing. Sûnt de yndustrialisaasje is de moderne minske dy ferbiningen kwytrekke, seit Van Hove.

Binnenyn de motor sit in glêzen pot, dêr't de keunstner it balseme hert fan in ferstoarn hynder yn dwaan woe. It soe de 'besieling' fan it keunstwurk wurde. Mar it Fries Museum wie benaud foar protesten fan biste-aktivisten. Boppedat soe it ôfliede fan de fokus fan it keunstwurk: de wearde fan it ambacht. De diskusje oer 'it hert' jout in nijsgjirrige lading oan de Fryslân DOK.

'Hert & Siel' begjint yn it atelier fan Van Hove yn Marrakesh. Dêrnei 'groeit' de motor mei wurk fan glêsblazers yn Sweden, in biensnijer fan Bali, keramyk en smeierij út Ljouwert, houtsnijwurk út De Knipe, skilderwurk fan Noardburgum, Hylper skilderwurk en Harnzer tegelwurk.


Fryslân DOK 'Hert & Siel - en de keunst fan it motorûnderhâld'
Sneons 15.30 oere by NPO2 (mei Nederlânske ûndertiteling, werhelling sneins 13.00 oere)
Sneins 17.00 oere op Omrop Fryslân (werhelling alle oeren)

Diel ien: sneon 23 en snein 24 novimber
Diel twa: sneon 30 novimber en snein 1 desimber
Diel trije: sneon 7 en snein 8 desimber

'Hert & Siel' gie yn premjêre op de lêste edysje fan it Noordelijk Film Festival. Filmhûs Slieker hat de film nochris fertoand op 19 novimber. De film is ek online te finen by Omrop Fryslân.

Noat foar de redaksje
Bronfermelding ôfbyldingen: 'Omrop Fryslân', fotobyskriften:
1. Éric Van Hove (links) oerleit mei ambachtslju hoe't se de ûnderdielen meitsje sille
2. Sweedske glêsblazers meitsje in ûnderdiel fan de kluts fan de Fryske motor
3. De Fryske motor krijt de namme 'Us Heit'.

Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei de ôfdieling Marketing & Kommunikaasje fan Omrop Fryslân: 058 299 7876 of mk@omropfryslan.nl.

(advertinsje)