Fryslân DOK - Heit

03 maaie 2016 - 14:12

Yn in poëtyske film ferkent Piter Hettinga it nimmenslân tusken him en syn heit, de ferstoarne bline dichter Tsjêbbe Hettinga. Piter besiket de ferskate kanten fan syn heit kinnen te learen yn in syktocht nei wa’t syn heit no eins wie.

De bân dy’t Piter mei syn heit hie wie net altyd like goed. Der wiene ljochte en tsjustere kanten yn de relaasje tusken de twa. Yn de dokumintêre praat Piter mei de freonen fan syn heit oer dy ferskate kanten.

De ljochte kant fan Tsjêbbe wurdt neffens soan Piter bepaald troch de fisuele, poëtyske krêft fan syn heit. Boppedat wie syn heit in dierber en karakteristike ferskining. Dêrneist lit de film ek de tsjustere kanten fan Tsjêbbe sjen.

Soan Piter hat him troch de ôfstân ta syn heit net goed oan him spegelje kinnen. Nei it ferstjerren fan syn heit sjocht hy de kâns om op syk te gean nei antwurden op fragen wêrmei’t hy efterbleau.

Fryslân DOK: Heit
Snein 15 maaie fan 17.00 oere ôf alle oeren op Omrop Fryslân Telefyzje. Ek te sjen op sneon 14 maaie om 15.30 oere en snein 15 maaie om 12.35 oere op NPO 2.


Noat foar de redaksje:
Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei de ôfdieling Marketing & Kommunikaasje fan Omrop Fryslân: tel. 058 299 7876.

Image icon Download heit.jpg (22.33 KB)
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)