Fryslân DOK - Hait, portret van een hemd

12 jan 2017 - 08:37

Fryslân DOK op sneon 21 en snein 22 jannewaris

Fan 2011 oant 2016, foarme heit’s wite himd de reade tried yn it wurk fan keunstskilder Hendrik Elings. Heit Rint Elings posearret yn de jierren dêrfoar faak foar syn soan. Hy hie dêrby steefêst in wyt himd oan. Yn de rin fan ‘e jierren bliuwt it himd itselde, mar heit Elings feroaret fan in stoere sterke man nei siik, broazelich, meager en ôfwêzich. Hy hat Alzheimer en komt yn 2009 te ferstjerren oan de gefolgen dêrfan.

Fiif jier lang folgen filmmakkers Petra van der Molen en Rob Pieters de keunstskilder Hendrik Elings fan it Bilt. Dat resultearret yn de dokumintêre “Hait, portret van een hemd”.

Yn 2011 beslút Hendrik Elings it net by portretten fan syn heit te litten. Bruorren, susters en syn soantsje Bowe wurde ek frege om yn heit’s himd te posearren. De sykte fan Alzheimer hat in grutte ynfloed op de famylje. Under de posearsesjes giet it petear dan ek foaral dêr oer. De kamera sjocht en harket mei. Oantinkens, Alzheimer, ôfskied en fuortgean foarmje de yngrediïnten fan de petearen, dy’t folslein yn it Biltsk fiert wurde.

Fryslân DOK: Hait, portret van een hemd
Snein 22 jannewaris om 17.00 oere en dêrnei fan 18.00 oere ôf alle oeren by Omrop Fryslân. Ek te sjen op sneon 21 jannewaris om 15.30 oere en snein 22 jannewaris om
13.10 oere op NPO 2.

Noat foar de redaksje:
Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei de ôfdieling Marketing & Kommunikaasje fan Omrop Fryslân: tel. 058 299 7876.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)