Fryslân DOK: ‘Go North, young man!’

06 apr 2021 - 15:29

Hoe kinne jongeren har ynsette foar de ûntwikkeling fan it plattelân? En hoe hâlde ambisjeuze jongeren yn Fryslân perspektyf op in goede baan en in goed thús, sadat se net nei de Rânestêd hoege te ferhúzjen? De Fryslân DOK 'Go North, young man!' is te sjen op 10 april by NPO2 en op 11 april by Omrop Fryslân.

De titel fan dizze Fryslân DOK is ynspirearre op de jonge helden dy't it westen fan Amearika ûntdekke soene. 'Go West, young man!' In útdrukking út in oare tiid. Mar ek foar Fryske jongeren lei de takomst lang yn it westen fan it lân. Ast jong bist en do wolst wat, moatst foaral nét op it Fryske plattelân hingjen bliuwe. Hop, de Ofslútdyk oer - dêr lizze de kânsen, dat is de takomst. Wat achterbliuwt binne 'de bliuwers'. Gjin kwalifikaasje dêr't de ambysje ôf spat. Der falle wurden as 'braindrain' en 'leechrin'. Hoe hâlde wy talintfolle jongeren yn Fryslân?

Beklimmers
Yn de searje 'Beklimmers fan it flakke lân' siket Fryslân DOK nei inisjativen op lokaal, lytsskalich nivo, mar betocht op basis fan grutte ideeën en idealen. Nei ôfleveringen oer lânskip, natoer, lânbou, sûnens, en it doarp fan de takomst steane yn diel seis de jongeren sintraal. Neffens Jouke de Vries, bestjoersfoarsitter fan de Ryksuniversiteit Grins, kinne júst jongeren bouwe oan fernijing en kinne se de regio ûntwikkelje.

Hightech
Yn 1950 kaam Philips nei Drachten en brocht in soad wurkgelegenheid mei him mei. De multynasjonale ûndernimming is no de spil fan it ICD, it Innovatiecluster Drachten, dat bestiet út 24 hightechbedriuwen út Noard-Nederlân.
Sa'n bedriuw is ZiuZ fan de Gordyk. Eigener Gerrit Baarda studearre en wurke earst yn it Westen, mar kaam werom nei Fryslân en begûn in bedriuw yn fideo-werkenning. It bout software foar de plysje en ûntwikkelet medyske apparatuer foar sikehuzen.
It famyljebedriuw Ventura Systems yn Boalsert makket busdoarren, hat 200 man personiel, en klanten yn mear as 40 lannen. Eigener Bas de Nooijer hat ferlet fan tûke jongeren en tinkt dat de 'maakindustrie' wer hielendal weromkomt fan de legeleanelannen.
Jelte Steur út Tsjerkwert is ôfstudearre yn Delft as yndustrieel ûntwerper en wurke by Philips yn Amearika. Mar hy woe syn bern yn Fryslân opgroeie litte. Hy betocht en ûntwikkele in handige beker om út te iten en besiket no syn 'Riser' suksesfol yn de merk te setten.

Fryslân DOK: 'Beklimmers fan it flakke lân' diel 6: Go North, young man!
Sneon 10 april, 15.30 oere, NPO2 (werhelling 11 april 13.10 oere)
Snein 11 april, 17.00 oere, Omrop Fryslân (werhelling alle oeren)

Fryslân DOK wurdt Nederlânsk ûndertitele

(Advertinsje)