Fryslân DOK - Gasten tusken eb en floed

17 jan 2017 - 13:54

Fryslân DOK op snein 29 jannewaris

Yn de Fryslân DOK ‘Gasten tusken eb en floed’ stiet de syktocht nei it karakter fan Flylân sintraal. Dokumintêremakker Remco de Vries registrearre in jier lang de natuer en har gasten op Flylân. It lânskip en wat dêryn libbet stiet sintraal mei as reade tried de gasten dy’t it eilân opsykje; fûgels en minsken.

As gast hearst it eilân benammen te nimmen sa’t it is. De gewoanten fan fûgels en minsken op Flylân jouwe karakter oan it eilân. Sa sitte fûgels op spesifike plakken te brieden en hawwe ek minsken in eigen plak dêr’t sy libje. Wat bart der as fûgels en minsken inoar tsjinkomme?

Maitiid, simmer, hjerst en winter; alle fjouwer seizoenen komme foarby. Haadrolspilers binne ûnder oare de heidehipper, de leppelbekken en de sângril. Troch de folsleine dokumintêre hinne binne de boskwachters fan Steatsbosbehear de gids op it Waadeilân.

Fryslân DOK: Gasten tusken eb en floed
Snein 29 jannewaris om 17.00 oere en dêrnei fan 18.00 oere ôf alle oeren by Omrop Fryslân. Ek te sjen op sneon 28 jannewaris om 15.30 oere en snein 29 jannewaris om
13.10 oere op NPO 2.

Noat foar de redaksje:
Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei de ôfdieling Marketing & Kommunikaasje fan Omrop Fryslân: tel. 058 299 7876.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)