Fryslân DOK - Feroarkrêft

16 feb 2016 - 12:48

Der wurdt in soad sein en skreaun oer de partisipaasjemienskip, mar faak is net dúdlik hoe’t dizze wurket. Yn Fryslân DOK litte Fryske mienskippen sjen hoe’t se op eigen krêft duorsum besykje te wurden. Dêrfoar folgje we de ûntwikkelingen yn Penjum en de doarpen fan De Trynwâlden. Dy Fryske doarpen wolle enerzjyneutraal wurde.

De dokumintêre hat twa ynfalshoeken: oan de iene kant de mienskiplike feroaring en oan de oare kant de belibbing fan de ‘gewoane boarger’. De partisipaasjemienskip, dêr’t elk sines oan bydraacht en de oerheid op syn heechst fasilitearret, freget om in feroaring fan mentaliteit. En dat ferrint net altyd like maklik.

Nei in muoisum proses oer wynenerzjy binne yn tal fan Fryske doarpen en wiken inisjatyfgroepen ûntstien dy’t oerstappe wolle op duorsume enerzjy. Mar hoe moat dat organisearre wurde? En hoe krije je elkenien mei yn dy ambysje? De doarpen yn ‘Feroarkrêft’ binne in jier lange folge yn dy ûntwikkelingen.

Fryslân DOK: Feroarkrêft
Snein 28 febrewaris om 17.00 oere en dêrnei fan 18.10 oere ôf alle oeren op Omrop Fryslân Telefyzje. Ek te sjen op sneon 27 febrewaris om 15.30 oere en snein 28 febrewaris om 13.00 oere op NPO 2.

Noat foar de redaksje:
Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei de ôfdieling Marketing & Kommunikaasje fan Omrop Fryslân: tel. 058 299 7876.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)