Fryslân DOK - Fan opfang nei fangnet, de frijwilligers fan VluchtelingenWerk

26 jan 2016 - 11:02

We sjogge de bylden alle dagen foarbykommen. Geweld, konflikt en diktatuer bringe de wrâld op ‘e drift. Flechtlingen komme manmachtich nei Europa. Se wurde opfongen en holpen troch organisaasjes as it Reade Krús en ek boargers sette harren yn by de earste opfang. Klean wurdt brocht, bêden delset.

Mar wat bart der dêrnei? Wa binne der om de nije boargers de Nêderlanske mienskip yn te loadsen? Wa helpt se mei de taal, de juridyske saken en de gewoane saken fan it deistich libben? VluchtelingenWerk nimt in grut part fan dy taken op him. Mei in soad frijwilligers sette sy harren yn foar de flechtlingen.

Yn dizze Fryslân DOK wurdt it wurk fan in tal frijwilligers folge. De dokumintêre ‘Fan opfang nei fangnet, de frijwilligers fan VluchtelingenWerk’ lit sjen wat harren beweecht, wat se betsjutte foar de asylsikers en hokker problemen sy tsjinkomme yn harren wurk.

Fryslân DOK: Fan opfang nei fangnet, de frijwilligers fan Vluchtelingenwerk
Snein 7 febrewaris om 17.00 oere en dêrnei fan 18.10 oere ôf alle oeren op Omrop Fryslân Telefyzje. Ek te sjen op sneon 6 febrewaris om 15.30 oere en snein 6 febrewaris om 13.00 oere op NPO 2.

Noat foar de redaksje:
Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei de ôfdieling Marketing & Kommunikaasje fan Omrop Fryslân: tel. 058 299 7876.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)